
Foar my binne de nammen fan bou- en greidelân ferbûn mei dêr’t ik weikom: Penjum. Stikken mei nammen as Bargekop, Bile, Hynstekop krigen dy namme fanwegen harren foarm, mar binne troch ruilverkaveling al lang harren nuveraardich model kwyt. Oare stikken krigen de namme fan de brûker (Beppes tún, Pietsje trije), fan spûkferskiningen (Swevelstokken), of waarden neamd nei de haadpersoan út in leginde (Okke Hel). De Duvels Heale wie in eintsje grientetún oan ’e foet fan ’e terp. Wie it in mislik stikje grûn? Hie de pastoar dêr, of letter de dûmny, dy’t der ynearsten dêr it sicht op hie, it swurk dêr driuwen sjoen, of wie de brûker fan it heal pûnsmiet in fûleindige flokker? Wy sille it nea witte, mar de namme wurdt net wer wei.

Foto: Martsje de Jong
Fergetten lân
wat ea wie núndert yn ’e reiden
om lakmoes trije en bargekop
gjin filde fôle mei baarnende sturt
sjocht men mear op ’e swevelstokken
gjin demoanen doarmje noch oer it mâl
it lân hat fergetten
hoe alle jierren frucht te dragen
kij te weidzjen, ljurk en ljip
beskûl te jaan, de minske
in bestean
hjir bodde pake yn beppes tún
de bealch stie him nei de lodde
rûkte fan ’e lep lang foar’t dy
it gat dolde yn it ivich argyf
hy yn ’e lêste eker rêste mocht
fergetten is it lân
fuort binne de fuotleasten
fan de lêste wrotter mei hannen
as slaaien en fuorgen yn ’e kop
as de fjouwerbaansdyk troch it âlde okke hel
nije buorkers rispje inkeld stien
wei wurde de wurden fan it gea
it lân hat fergetten
fergetten is it lân
der stean huzen op ’e duvels heale
‘Fergetten lân’ wie ûnderdiel fan de eksposysje Lost Words yn de Gerdyk