
De safolste generaasje
Us heit wie in stillenien
Opsluten yn himsels mei syn oantinkens
As hy wat sei, wie it somtiden:
It komt altyd oars út as datsto tinkst
en: moatst dy nea mei polityk bemuoie.
De stilte hong as in wolk
oer pleats en mem en bern
Geandewei waard my dúdlik
wêr’t it swijen weikaam
Twongen troch need hiene hy en syn heit,
myn pake dy’t ik nea kend ha,
keazen foar in partij,
wêrfan’t nei ’45 bliken die,
dat it in foute partij wie.
Us heit kaam der ôf mei in lichte straf,
mar syn libben lang hat er him bedondere field
yn machtleas ferset tsjin de ‘hege hearen’.
It swijen hat him trochjûn yn ’e bern
En bernsbern?