Henk Nijp

Marathon

logo.ensafh

Hurddraafster Sifan Hassan rûn op 23 april har earste maraton, yn Londen, en die dat op magistrale wize. Jo ha der grif ien en oar fan meikrigen. Oer hoe min oft har tarieding op dizze wedstriid west hie, oer de ramadan dêr’t se as moslima mei te krijen hie. Oer de kramp, oer it strekken fan ’e skonken, de krekt-net-botsing mei in folchmotor en de kaprioalen by de drinkpost. Oer hoe ûnwis oft se wie oer de loop, want ja, mear as 42 kilometer, hoe sil dat yn ’e goedichheid útpakke ast soks noch net earder dien hast? En fansels oer dy fenomenale spurt by de einstreek.
En meitsje it debút dan fuort ek mar yn Londen, ien fan de meast prestizjeuze maratons fan hjoed-de-dei, want mei Tokio, NewYork, Berlijn, Boston en Chicago ûnderdiel fan ’e ‘World Marathon Majors’.
Der leit wat in Frysk boaiemke ûnder de draafkarriêre fan Sifan. Yn 2008, doe’t se as 15-jierrich famke troch har mem yn Etiopië nei Europa stjoerd waard, kaam se yn Súdlaren telâne. Dêr koe se mar striemin bankje; se ferlike de opfang dêr mei in finzenis. Nei in goed healjier koe se nei Ljouwert. Se pakte it draven wer op by de Ljouwerter atletykferiening Lionitas. Se waard dêr goed opheind: ‘In Leeuwarden heb ik geleerd dat er ook mensen bestaan die je kunt vertrouwen. Sindsdien weet ik dat niet ieder mens slecht is. Ik heb er heel veel liefde ontvangen en er geleerd met mensen om te gaan.’
De trainers seagen har talint al gau. Yn har bertelân hie Sifan wol draafd op rekreaasjenivo, mar se woe mear. Se hie oan oare atleten út Kenia en Etiopië sjoen dat der in bestean opboud wurde koe mei draven. Dat woe Sifan ek. Noch wer letter rekke se nei Eindhoven, dêr’t de trainingsmooglikheden grutter wiene. En úteinlik kaam se op Papendal telâne. Mei de profesjonele begelieding dêr kaam har talint ta folle waaksdom. Dat resultearre yn in karrefol medaljes, titels en (wrâld)rekôrs, mei as hichtepunt no dus de oerwinning op de London Marathon 2023, yn in tiid fan 2 oeren,18 minuten en 34 sekonden. Alwer in rekôr!
Dat sa’n maraton is gjin sinekuere is, wit ik út eigen ûnderfining. Ik ha trije kear sa’n loop folbrocht. Twa kear de Slachte; de earste kear fan súd nei noard (fan Raard nei Seisbierrum), de twadde kear krekt oarsom. En ien kear de Rotterdam Marathon. De earste wie de moaiste. Om’t it de earste wie. It wie ek de spannendste om’t it allegear nij en ûnbekend wie. Earst al de spanning om op’e tiid by de start te wêzen. De strakke kopkes om dy hinne yn it startfek. De twivel oer it iten en drinken ûnderweis. It minne sliepen yn de nacht tefoaren. Mar dan it gefoel in pear hûndert meter foar de einstreek, ast it benei helle hast. Dat is eins net te beskriuwen, eufoarysk, seit men dan, mar lis mar ris út wat dat krekt is!
Dy fan Rotterdam yn 2013 wie dochs wol de swierste, benammen troch it waarme waar op dy 14e april. In lang skoft foar de loop hie it frij kâld west. De trainingen wiene dus altyd yn frisse waarsomstannichheden, sis mar yn ’e kjeld. Krekt dy sneins bruts de maitiid út en benammen de twadde helte fan ’e loop, foar my nei sawat twa oeren / tweintich kilometer, waard it royaal oer de tweintich graden. Lekker waar, mar net om in ein te draven. De dielnimmers gongen dan ek by boskjes ûnderút en leine langút yn ’e berms fan ’e dyk. Befongen troch de waarmte. De EHBO hie der de hannen oan fol. Sirene’s wiene net fan ’e loft en sikeweinen riden ôf en oan. Ik sjoch se noch lizzen ûnder in fel goudkleurige foly. En doe wiene wy noch lang net werom op ’e Coolsingel. Ik lei lykwols wat foar op myn ‘skema’ en de supporters efter de kearstekken ûnderweis holpen geweldich. Ik hie noch nearne lêst fan, fol faasje gong ik de twadde helte yn. Nei ferrin fan tiid seach ik al wol op it horloazje dat it tempo wat saksearre. By de trochkomst fan ’e 32 kilometer waard it echt dreech … Dy 32 kilometer is ek in psychologyske stan-yn-‘e-wei. Dan komt ‘de man mei de hammer’, sa beare alle dravers mei maratonûnderfining. En dat is ek sa!
Yn ’e moannen dy’t foarôf geane oan de loop wurdt ornaris net boppe de 30 km traind om’t dat net folle opsmyt, faak sels mear ôfbrekt en it in protte tiid freget om wer op ’e haal te kommen. Mar 32 is gjin 42, dy lêste 10 kilometer is dan noch echt in hiel ein …
Ik ha dat ein dan ek net mear folslein dravend ôflein, mar sa no en dan ek gewoan in stikje kuiere. Ik ha gauris tocht: ast no útstapst, is dat gjin skande, en, wêr bist oan begûn, hâld mar op , bist net wiis.
Lykwols, ophâlde is dan gjin opsje. En dan, as nei de lêste bocht de finish yn sicht komt en it publyk dy mei dyn namme oantrunet, – want dyn namme stiet op dyn startnûmer – dan giest it lêste eintsje op wjukken. Ek moai, ik bin noch knap binnen de fiif oeren bleaun.
Nei de lokwinsken fan famylje en lotgenoaten, en de medalje fan de organisaasje, wiene der gelokkich ek minsken fan ’e fersoarging dy’t yn ’e gaten hiene dat ik dochs noch wat mear oandacht nedich hie. ‘Meneer, gaat het wel goed, komt u maar even mee in de tent, dan kunt u even bijkomen.’
Ik stie te wankeljen op ’e skonken en seach blykber net al te fris mear út ’e eagen. Ik kaam op in fjildbêd te lizzen en der waard in natriumynfús oanlein. Nei in stiif kertierke wie ik wer aardich oplape. Ik koe wer stean, mar it rinnen foel earst noch goed ôf en dat soe ek noch wol even sa bliuwe.
Goed besjoen is it ek gekkewurk fansels. Wa draaft no krapoan fiif oeren efterinoar yn ’e waarmte om op itselde plak werom te kommen as dêr’t er úteinsetten is? In rûntsje fan 42 kilometer. En ferjit dy lêste 195 meter net.
Sifan hie it de deis nei har oerwinnig oan ’e praattafels op ’e telefyzje oer ‘noch wat wibeljende’ skonken. Ik ha in wike lang de trep net op komme kind. Mar ja ik hie der dan ek rom twa kear sa lang oer dien as Sifan …
Sa’t ik sei, gekkewurk, mar ik hie it net graach misse wold.

 

 

 

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *