
Margryt Poortstra is net mear sa mei Fryske literatuer dwaande, seit se yn it ynterview dat ik op 22 maart yn it ramt fan myn ynterviewprojekt mei har hold.1
Op de fraach oft der nochris in nije dichtbondel fan har komme sil, seit se: ‘Nee, ik tink it net. Ik bin in bytsje fan it Frysk ôfstapt. Nei de ferhalebondel, fan 2011, hie ik it wol in bytsje hân mei it Frysk.’
Se wennet al salang bûten Fryslân. ‘Foar myn gefoel wie it hieltyd fierder fuort. Ik hie der hieltyd minder kontakten. … Ik ryd sels ek gjin auto.’ Dat hiel maklik oeral hinne, dat slagge ek net altyd.
In posityf aspekt – foar har skriuwen – fan it bûten Fryslân wenjen wie miskien krekt dát se wat ôfstân hie? ‘Ja, dat haw ik ek wol faak sa field, hear,’ seit se.
Lês en sjoch fierder by Janneke Spoelstra op Tresoar