
Tiisdei 16 maaie wie ik yn it pop-upkafee ‘De Gouden Liuw’ yn Tresoar om te sjen en te hearren hoe’t Gabrielle Terpstra (32) út Ljouwert eksamen die foar de Academie voor Popcultuur. De hie der in foar elkenien tagonklike live-perfomance fan makke, mei de namme Katharsis, dat sawat betsjut as lottering, suvering. De kroech siet aardich fol mei belangstellenden en dichters dy’t útnûge wiene om ek op te treden. Yn haadsaak dichters út de underground, sa’t dat sa moai hjit. Skriuwers dy’t harren poëzy net intsje op lânskip en stilearre langstme nei wat west hat, mar dy’t rau dichtsje, net sjogge nei de perfekte taal, mar nei it gefoel en sa wie it by Katharsis ek.

Foto: Martsje de Jong
De lottering fan Gabrielle sels, har gefjocht mei ferslavings en mei harsels brocht se yn in ynkringende ien-twa mei Alwin van der Toorn, dy’t as kliïnt by VNN kaam yn de tiid dat sy dêr wurke as ûnderfiningssaakkundige. Mar wa’t no tinkt dat it in spultsje fan langrutsen útsprutsen selsbeklach wie, in jearemiade oer in libben dat drige te mislearjen, dy hat it mis. It wie in nofteren spoken wordperformance mei muzyk fan trije muzikanten dy’t har Lân fan de skries neame, dy’t yn Nederlânsk en Frysk trochinoar rûn as in trein en dy’t de taharkers yn ferwûndering en ek bewûndering efterlieten.
Ek de optredens fan Lubbert Jan de Vries, Gerard Marcel de Jong, Sigrid Kingma en Foppe Land stiene as in hûs trouwens, wêrby’t de Bilkert it deune, klaaierige Fryslân yn in op Allan Ginsberg syn America inte fers út de fertroude slachtofferrol besocht te wâdzjen. Lubbert Jan hie in eigen fers oer de Katharsis fan de Wâlden, mar liet de mûlen pas echt iepenfalle doe’t er in lang fers oer ferskoppelingen foardroech fan Durk van der Ploeg, dat trouwens te finen is yn dy syn bondel Troch kadastrale fjilden (2003, Friese Pers). Jim moatte mar sjen dat jim dat noch besette kinne, want it wurdt tiid dat de âlde maestro net allinnich ophimele wurdt om syn proaza, mar dat ek syn poëzy wer ris it omtinken krijt dat it fertsjinnet.
Al mei al in noflike middei poëzy dy’t fier stie fan it mear gongbere, mar faak ek stivere poadiumwurk dat wy hjir fan ús poëten wend binne.
Nije wike woansdei 24 maaie is der Fryske Poetry Slam, op itselde plak, in gearwurking fan – alwer – Gabrielle Terpstra en Sigrid Kingma. Tsien skriuwers nimme it tsjininoar op en it publyk bepaalt wa’t de bêste foardrager is. No mar hoopje dat it kroechje dan moai fol sit en de dielnimmers wiere poadiumtigers blike te wêzen. Wy sille it belibje.
Yn geef frysk; ‘that’s what we do tha’t’s who we are’… gean! gean! gean! … Martsje tige tige by tige foar de stipe c.u. @ De Slam … en jawis en seker en soksawat Durk van der Ploeg hat no in fêst plak yn myn repertoire en sil ik Het Nieuwe Kanaal dan dochs ris in mail stjoere oer it op’e nij útbringe fan syn dichtwurk? Wat fynt men? Dêr bûten? Rop mar!