
Yn it kafee De Gouden Liuw yn Tresoar is freed 2 juny de Ingelsktalige blomlêzing Earthskin fan Elmar Kuiper presintearre. Dizze mânske bondel is útjûn by de grutte Yndiaaske útjouwer Copper Coin Publishing út New Dehli. De tachtich ferzen binne útkeazen út acht bondels en oerset troch David Colmer.
Tagelyk mei de presintaasje fan Earthskin waard ek in lytse útstalling iepene mei portretten fan Fryske skriuwers, yn ’e jierren santich makke troch Elmar syn heit, fotograaf Henk Kuiper (1943-2005).
It binne tige ynkringende portretten, dêr’t de eagen sa fan sprekke, dat jo betiden it idee hawwe rjocht yn ’e siel fan de skriuwer te sjen. Dizze útstalling is noch oant en mei septimber te sjen.
It wie in lyts mar nijsgjirrich selskip, dêr yn De Gouden Liuw. Ornaris komme der op presintaasjes net folle kollega-skriuwers ôf en dat wie no net oars. Broer Remco Kuiper, fansels. Pier Boorsma wie der, Gerrit de Vries, Cornelis van der Wal en Sipke de Schiffart. Ek Geart Tigchelaar en Abe de Vries wiene der, mar dy hiene in taak yn it programma. Geart hat it neiwurd fan ’e bondel fersoarge en mocht as tank it earste eksimplaar yn ûntfangst nimme. Abe droech in stikmannich ferzen foar út syn alfde bondel, Bloedprikke, dy’t yn novimber ferskine sil by De Ryp. Utjouwers lieten har net sjen, likemin as pommeranten fan de literatuerbefoarderjende ynstânsjes. In spitige saak, want as wy al gjin belang stelle yn nije útjeften, wa dan wol? Fryske literatuer moat befoardere wurde, hat Kommisaris fan de Kening Arno Brok ferline wike yn Aurich, by de jierlikse betinking by de Upstalsbeam, fol gloede hearre litten. Foar in bloeiend literêr klimaat is it nedich dat Frysk proaza en Fryske poëzij oerset wurde nei oare talen. Dit hie dan in moai momint west om soks te fieren. Temear ek om’t Elmar yn syn ferhaal oanjoech dat Sarabjeet Garcha, de útjouwer fan Copper Coin, graach fan mear Fryske dichters wurk útjaan wol.
Nettsjinsteande dat iene minpuntsje wie it in noflike middei, mei poëtyske lieten fan Martijn van Limbeek en fleurige anekdoaten.
En dat kafee? Wat in boppeslach is dat. It is smûk ynrjochte, der binne boeken by ’t soad, noflike en minder noflike stuollen, in bar, kleedsjes, in piano en folle net genôch. In útsocht plak foar literêre aktiviteiten. In pop-up kafee, sizze se by Tresoar, en nei dit jier soe it wer ferdwine moatte. No, as ien dit lêst dy’t ek mar in bytsje ynfloed hat: stryk dêr asjeblyft in stôk foar.
Sjoch op de Facebook-side fan Tresoar foar in stikmannich foto’s fan dit barren.