Lomme Schokker

Ciao Tsjêbbe

logo.ensafh

Ahhh, Bella Italia… Twa wiken lang in fakânsjehûs oan ’e Lago Maggiore op ’e súdlikste flanken fan ’e Alpen, mei by helder waar útsicht oant Milaan ta, mei yn it wykein net te tellen boatsjes, minuskúl wite fearkes op it wetter. Oan ’e oare kant fan ’e mar, de ‘earmoedige’ Lombardynske kant, rjocht foar ús oer in kantich kastiel op in skiereilân, dêr’t withoelang generaasjes Viscontis en Borromeos gearsieten om te kedizen oer wa fan ’e bern yn in willemoedske takomst mar ris paus wêze moast.
Yntsjes yn stee fan kikkerts, in skud fol swietrokich jasmyn, moarns ier en betiid lawaaiskoppende brommers, fjouwer felgiele scooters by de lytste fan ’e beide bakkers op it doarpsplein – dy mei de segrinige ferkeapster mar wol de lekkerste hompen bôle – in Lottowinkeltsje mei inkeld sneins de Bild Zeitung … En in doarpsbar, mei oan ’e muorren feale foto’s út it doarpslibben fan flak foar en fuort nei de oarloch en, ferdomd as it net wier wie, oan it plafond yn reiden kuorren de sa fertroude Chiantiflessen. Njonken de húskedoar in kleurefoto fan Umberto Eco, want, sa fernaam ik letter, dy wie yn syn studintetiid hjir wolris oer de drompel stapt.

Fan lêzen kaam net folle dêr op ’e Via Crose healwei de Monte San Salvatore, ek al wie de boekekast goed fol. Leaver siet ik fan it útsicht te genietsjen, myn gedachten samar wat stal te jaan om it ien en oar ûnder eagen te sjen. Fan sa’n hichte ôf krige njonkenlytsen aardich fan wat west hie in wrydsker, sêfter perspektyf, woe ik leauwe.
Pas nei oardel wike, op ’e earste grânzerige dei, naam ik ien fan ’e twa meinommen boeken yn ’e hannen: Fryslân! De wrâld / Friesland! Die Welt!, in fiifentweintich jier âlde bondel mei gedichten fan Obe Postma en Tsjêbbe Hettinga yn Dútske oersettingen. Ik hie dat boekje in pear dagen foar de fakânsje by De Slegte besteld as presintsje foar de nije buorman, de iennichste (en neffens himsels wis de lêste) learaar Dútsk op in middelbere skoalle yn Haarlim. Mar earst woe ik it sels lêze. Ahhh, wat wie Dútsk dochs in moaie taal, foaral as oersetting út it Frysk.
Op ’e twadde reinige dei kaam ik ta oan it oare boek, Odes fan David van Reybrouck. Fan in oade oan ’e eks ta in oade oan it libben, fan in oade oan it Nederlânsk ta in oade oan floeibere seksualiteit, allegear prachtige stikjes proaza. En doe lies ik samar, yn Oade oan de deaden yn myn telefoan, op side 174 dit:

“Ik skrol fierder. De iene deade wekt de oare wer ta libben. Och, Tsjêbbe, bêste freon. Noch altyd fronselet it strân syn eachbrauwen as it oan dy tinkt. Noch altyd flokt it waad. De dunen skodzje har kop en knarse har tosken. Dyn sammele wurk sil meikoarten ferskine. Witst noch dat wy it der yn Brussel oer hiene? Do sietst yn myn keuken moksels te iten. Hiest noch nea moksels iten, seiste, mar dyn fingers fûnen it paad. Krekt as dyn gedichten. Tokio is ynienen fier fuort. Ik langje nei Fryslân en doetiids en rikke iel.”

Goethe makke ek in reis nei Itaalje, Rilke nei Ruslân, Postma nei Harns en Hettinga dus nei Brussel. ‘Wat west hat is wat oars as wat net west hat.’
Doe ’t wy healwei op ’e weromreis yntsjekten by it hotel yn Heidelberg wie der op myn mobyltsje berjocht fan Benedikte, de ferhierster. Friesland Die Welt lei noch op ’e boekekast. Of se it opstjoere moast. Och nee, hoecht net, andere ik. Ik keapje yn ’e ramsj fan De Slegte wol in nijen. Sa haw ik alteast yn Itaalje noch in literêr spoarke efterlitten.

1 reaksjes op “Ciao Tsjêbbe

  1. Ach ja, Lomme, dy deaden yn de telefoan. Dat is hiel apart. Kinst se meastentiids noch in jier belje, dan jout KPN it nûmer oan in oar.
    Hawar, tank foar dyn hearlike kollum. Groetnis.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *