
Sân winners fan Rely Jorritsmapriis 2023
LJOUWERT – Twa ferhalen en fiif gedichten wurde dit jier bekroand mei in
Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘Nachtskaad’ fan Koos
Tiemersma (Drachten) en ‘It lûd’ fan Tryntsje van der Steege (Nyegea).
De winnende gedichten binne ‘Hapke fan neat’ fan Benny Holtrop (De
Knipe), ‘Fers om te ferjitten’ fan Fedde Dijkstra (Ljouwert), ‘Hoe’t it
liket’ fan Ypie Bakker (Achlum), ‘De winter sil yn jute sliepe’ fan
Remco Kuiper (Goutum) en ‘In symfoanysk akwarel fan dyn toarst’ fan
Sytse Jansma (Harns).
Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dy’t dit jier foar de 69ste kear
útskreaun waard, wiene 89 ynstjoeringen ynkommen, te witten 56
gedichten en 33 ferhalen. De sjuery bestie diskear út Beart Oosterhaven,
Oene Spoelstra en Marrit de Schiffart.
De prizen fan €1000 elk wurde op sneon 7 oktober útrikt yn it Mammemahûs
te Jellum.