
“Jetske Bilker hat mei Spegel en sonde in fakkundich literêr wurkstik ôflevere. Se bringt dêryn it tema deminsje tige betûft tepas om de algemiene delgong fan in haadpersoan te beskriuwen dy’t har libben op leagens en yllúzjes boud hat en alhiel ferslacht yn ’e rollen dêr’t se yn twongen is of dêr’t se harsels yn avensearre hat. Dêrby ferbynt se op in yntrigearjende wize in suver klinyske analyze mei in flotte fertelstyl en in fine humor.”
Dit sitaat komt út it sjueryrapport en giet oer de roman Spegel en sonde fan Jetske Bilker, dy’t dêrmei dit jier de Gysbert Japicxpriis wint. Dizze belangrykste provinsjale priis foar Fryske literatuer wurdt om de twa jier útrikt.
Spegel en sonde (2021) giet oer toskedoktersassistinte Doutsen dy’t in nije baas krijt. Fan dat momint ôf begjint har libben út de rails te rinnen. Se ferjit saken, werkent minsken net mear en rekket geregeld it paad bjuster en ferliest de kontrôle oer har libben en har relaasjes mei har famylje en freonen.
Lês fierder by Tresoar