
Skriuwster Jetske Bilker krijt dit jier de provinsjale Gysbert Japicxpriis foar har roman Spegel en sonde. It boek giet oer in frou dy’t demintearret en harsels dêrtroch kwytrekket.
De sjuery fynt dat se mei it boek in fakkundich literêr wurkstik ôflevere hat. De skriuwster krijt de priis op 14 oktober útrikt yn de Martinitsjerke yn Boalsert.
“Se stiene ynienen foar de doar mei blommen en gebak. Doe kaam it hege wurd derút”, sa fertelt Bilker. Wat se derfan fynt dat se dit jier de priis kriget? “In geweldige eare, ek it feit dat oaren fine dat je dochs wol goed skriuwe. Dêr bin ik hiel wiis mei.”
Lês en sjoch fierder by Omrop Fryslân