
Hy seach de weach op him takommen, stadich en hieltyd heger. Hy waard der troch meinommen, sa koe er efkes it strân sjen. Boppe op de top fan de weach krolle it wetter in bytsje om, der kamen wite tûfkes op dy’t troch de wyn fuortblaasd waarden. Hjir en dêr leine der wat wite skomplakken op it wetter, hy koe se sa oanreitsje, mar dat die er net. Hy wist dat er syn krêften sparje moast. Neat gjin ûnnedige bewegingen. It strân kaam net tichter by, mar hy dreau ek net fierder ôf. Op de dunen seach er minsken rinne. Lytse popkes. Soene se him sjen, syn holle sa fier fuort yn it wetter? Soene se de rêdingsbrigade warskôge hawwe? Of tochten se miskien dat der gewoan in bal yn it wetter dreau.
Hy wiuwde mei de hân. Koene se sjen dat der gjin bal yn it wetter lei. Op it strân stie ek in ploechje minsken. Miskien foar him. Doe rûn de weach út en sakke er wer yn de bedelte.
De loft wie moai blau mei hjir en dêr wite wynfearren. De sinne baarnde op it wetter, op him. It fielde oft it sâlt him ôfsette op syn hûd, it prikele oeral. Of betsjutte dat prikeljende gefoel wat oars?
Wer kaam er in weach op him tasetten, dy like heger as de oaren. Soe de wyn oanhelje? Hy beweegde de hannen in bytsje om samar wat te driuwen. Al wit hoe faak hier er besocht om swimmend wer nei it strân te kommen. It woe net slagje, it like wol oft de streaming him dan wer in stikje fierder de see yn luts.
It wie sa moai restich begûn. Mei Melanie en de twa jonges wie er de moarns op de fyts ôfset nei it strân. Hy hearde yn syn holle noch it lûd fan de fytsbannen op it skulpepaad. De stimmen fan Hanno en Thomas. It laitsjen, it roppen tsjin elkoar. Soene se dat no ek dwaan op it strân? Soene se wat nei him roppe? Se moasten no wol witte dat der wat mei him wie. Of soene se tinke dat er ôfset wie foar in fikse strânkuier, sa as er faak die? Altyd allinnich, want der hâlde er fan. Melanie fûn it bêst, gunde it him. Miskien sieten se noflik by elkoar, wiene de jonges dwaande in fort te bouwen. Dat moast er fuort sjen as er werom wie. Wat soe er âlje, hoe geweldich it wie, en wat in wurk de beide jonges ferset hiene.
Miskien koe er sa noch oeren yn it wetter driuwe. It kaam aanst fansels goed, je moasten betrouwen yn josels hawwe. Panyk, dat wie de grutste fijân yn soksoarte situaasjes, hie er earne lêzen. Stadich kaam er op ‘e nij mei in weach omheech. Al dat wetter gie him restich foarby op wei nei it strân. Wer hie er út de hichte itselde sicht op de dunen. Wat in teloarstelling, der wie neat feroare. Gjin help ûnderweis, gjin boat, gjin mins dy’t nei him weau.
Hoe soene se op syn kantoar reagearje as se hearden hoe’t er oan syn ein kaam wie? Guon minsken soene kel wurde, mei him te dwaan hawwe, mei syn frou, de jonges, dêr wie er wis fan. Der soe oer praat wurde. Mar hoe lang? Ien dei, twa dagen?
De loft hong sa feestlik ljocht oer him hinne, dat heldere blau, de gloede fan de sinne. As er net safier fan it strân wie, koe it net better. Alhoewol, it sâlt stuts him no yn de eagen. Hy beweegde de earms en trape yn it wetter. Hy dreau ek net fierder ôf. Foarsichtich besocht er mei in weach mei te swimmen yn ’e rjochting fan it strân, miskien wie de streaming wat feroare, koe er dôchs út him sels wer oan de wâl komme.
Dea gean! De lytse weachjes kamen wat heger op him ta, ja, de wyn helle oan. It wetter sloech oer syn lippen de mûle yn. Hy hoaste, moast spuie.
Yn de fierte seach er wat donkers yn it wetter. In stik hout? As er dat hie koe er it wit ik hoe lang úthâlde. Wat soe it hearlik wêze om aanst op dy balke mei in weach mei yn it ûndjippe by it strân telâne te kommen. As er mei de teannen de grûn rikke koe hie er it rêden! Dan satdich nei foaren, fansels, hy soe it stik hout fest hâlde, wa wit, hie er it noch nedich. Der koe sa wer in kûle komme en dan koe it wetter him sa mei weromslepe.
Hy sette út ein nei it donkere plak. Dit moast dôchs slagje kinne, sa fier wie it net. Mar it like wol as dreau it stik hout like hurd foar him út.
As er ris alles op alles sette, troch te crawlen – dêr’t er ek noch in pear kear in priis mei wûn hie -, dan moast er dat stik hout sa benei komme kinne. Fûl sloech er mei de earms troch it wetter, beweegde de fuotten as in razende, sa koe er it stik hout net misse. Mar doe’t er nei in skoftke opseach, wie er neat tichterby kommen. Hy joech it op, fielde him efkes deawurch.
Op syn horloazje seach er dat it al fiif oere wie. Dan kaam meastentiids de iiskokarre foarby. Syn soannen wisten it, se seagen der altyd o sa nei út. En nei him, want hy kocht dan altyd in iisko foar har. No soenen se ûngerest wurde. It koe net oars, want hy wie altyd op tiid werom foar dat lytse genoegen. It hie hast wat hillichs, dat ritueel alle dagen op deselde tiid.
Wer heech op in weach seach er in hiel lyts iiskokarke en minsken dy’t der op ta kamen. Hanno en Thomas moasten der by wêze. No’t se neat krigen, begûnen se fêst om him te sykjen.
Hy swaaide mei syn earms wyld boppe de holle. Koene se dat sjen, safier yn see?
Hoe soe it aanst komme as er net mear koe? Hoe moast er it him foarstelle? Hy woe der net oan tinke, woe it net witte. Ferdrinke, hy hie der faak oer heard. Mar hoe giet soks? Hoe fielde it as je it opjouwe, as je net mear kinne, as je stadich begjinne te sinken. It wetter komt fansels ta de mûle yn. Soe er de krêft hawwe om dy mûle ticht te hâlden? Of soe er him sa gean litte? Dan moasten je ôfgryslik wurch wêze. Hy koe it him net foarstelle dat soks him oerkomme koe. Hy beweegde de earms sûnder dat it him muoite koste. Sa koe it noch oeren duorje en miskien dreau er aanst sa tsjin dy balke op. Je moasten ek wat gelok hawwe. In bytsje wurch wie er wol. Hy fielde it yn syn fuotten en earms, it woe net mear sa as yn it begjin. Moast er him der oer fernuverje? Soks wie normaal nei trije oeren yn it wetter. Hoe lang soe er it noch folhâlde kinne?
Hy draaide op ’e rêch mei it gesicht nei it strân ta. Wer naam in waach him mei de hichte yn. Der stie no in kloftsje minsken by de iiskokarre. Der kamen noch mear oanrinnen, hy seach it dúdlik. It like oft se syn kant útseagen. De jonges hiene fêst begrepen dat der wat mei heit wie om’t er der net wie om se te traktearjen. In pear minsken draafden de kant fan it dún út. Hy koe se net folgje want de see naam him mei de bedelte yn. Mei in nije waach seach er trije, fjouwer man op de top fan it dún. It koe net oars of se seagen nei him. Dat ploechje hie wis en seker in fierrekiker by har. Dêrom stiene se fansels ek op it dún om him better sjen te kinnen. Of ferbylde er it him?
Hy fielde him sa loom yn it liif. De sinne baarne ûnbidich op syn boarst, syn búk. Der moast dochs help komme, tocht er. No’t se it wisten koe de rêdingsbrigade sa komme en dan…. Helle er dat? De rêdingsbrigade soe der wol gau wêze. Noch in heal oere miskien, mar hy wist net oft er it noch oan koe. Oer in heal oere rûn er aanst op it strân en krige fan Melanie en de jonges in iisko. Hy seach it hielendal foar him.
Wat wie er wurch ynienen. Soe immen him misse as er wei waard? Ris tinke, hy gie in rychje nammen bylâns. Dy wol, dy net, dy miskien.
It lei sa noflik yn it wetter, je hoegden hast neat te dwaan. Dy hannen hiene ek net sa’n nocht mear om te bewegen, it like wol oft se net mear fan him wiene. Oft se der gjin nocht mear oan hiene. Hy wie it bestjoer kwyt oer syn earms en skonken. Se lieten harren neat mear sizze troch him. Hy moast se wer in ûnder kontrôle krije oars… It like der wer efkes op, hy koe wer bewegingen meitsje. Se diene wer wat er woe, mar de holle hie hast efkes ûnder wetter west.
Wat hie dat sâlte wetter in rotsmaak.