
It seizoen mei de measte ferskillende soarten jokte is fansels de simmer. It waar en ferskate oare amper te beynfloedzjen omstannichheden binne presys sa ôfsteld dat der hast net oan prikeljen, kideljen, kribeljen en jokjen te ûntkommen falt. It prykjen fan de felle, hite sinne yn ’e eagen en op ’e hûd, en ast der net om tinkst dan ferbaarnst en wurdt it prykjen stekken en gloeien en úteinlik it rûgeljende kideljen fan ferfeljend fel. It biten fan swit en sâlt seewetter, of krekt it gloarwetter fan it swimbad dat eins foar ferkuolling soargje moat. It strânsân dat dagen letter noch op plakken kribelet en skjirret dêr’tst dy fan ôffregest hoe’t it dêr kommen is. Stientsjes of drûge gerssprútsjes dy’t yn slippers of tusken bleate teannen prikelje.
En bistjes fansels. Gûnzjende bijen en hyperaktive neefkes dêr’t allinnich it gelûd al fan foar jokte yn ’e earen soarget, lit stean wannear’t se dy earne op it liif lânje en dy stekke sadatst der bulten fan krijst dy’t noch dagen gemien jokje. En oare bistjes, dy’t net stekke mar wol lytse kideljende kribelpoatsjes ha, dy’t o sa graach kuierje meie oer bleate hûd fan earms, skonken of gesicht – lykas mieren, of fan dy lytse spintsjes, of grouwe libellen of fan dy trochsichtich ljochtgriene miggen dy’t dy altyd presys witte te finen ast rêstich yn ’e tún sitst te lêzen. Dat wol sizze, ast dy überhaupt bûten doarst te weagjen en net ta it miserabele slach minsken hearst dat lêst hat fan de mother of all simmerjoktes: heakoarts.
De ôfrûne simmers koe ik der aardich om funksjonearje, mei pillen en bûsdoekjes en in sa grut mooglike sinnebril op, en prúste ik my dapper troch in boek hinne op in wynstil en bloeiend gersleas plakje fan ús hiem, mar dizze simmer is der gjin hâlden oan. En om net folslein idioat te wurden fan ’e jokte yn myn noas (wêrtroch’t sels de siken dy’t lâns myn noashierkes strike kidelje en nóch fan binnen, nóch fan bûten jokjen ek mar iennich effekt hat), fan it prykjen yn myn eagen (dat him liket te konsintrearjen yn myn trienbuiskes dy’t sa read en opsetten binne dat jokjen – of eins wriuwen, it écht lekkere jokjen mei nagels en al is op eagen spitigernôch net sa goed tapasber – gjin ferlichting mar inkeld mear yrritaasje jout) en fan de kribel achter yn myn kiel (is der in lichemsdiel dat noch minder tarikkend is om befredigjend mei te jokjen as in tonge?), besykje ik te betinken wêr’t sokke jokte goed foar wêze kinne soe, hoe’t ik it posityf benaderje kin yn plak fan deroan ûndertroch te gean.
Yn gefallen fan ekstreme jokte skynt it nammentlik better te wêzen om ôflieding te sykjen as om ta te jaan oan it jokjen. It is dochs eins in wrede grap, of miskien in sadistyske flater yn ús ûntwerp, dat wêr’t it measte ferlet fan is by jokte leafst sa lang mooglik út ’e wei gien wurde moat, omdat jokjen op de iene of oare ferknipte manier de jokte inkeld slimmer makket. Tink mar oan de roukes fan skaafplakken op knibbels en earmtakken dêr’t we as bern altyd ôfbliuwe moasten, want ‘as it jokket is it goed, dan genêst it’. Of oan de miggebulten dêr’t we in krúske yn sette moasten en dêrnei net mear oankomme want ‘dêr giet de jokte wol fan oer’. (Wylst we yntusken fansels ûntdekt ha dat dat krúske noch better wurket ast earst even flink op sa’n miggebult omrost hast, lekker mei de nagels krekt sa lang klauwe dat de hûd krékt net iepenbarst, en dán pas in krúske sette om it hiele ritueel ôf te sluten en as ôfspraak mei dysels om der no fierder ôf te bliuwen. Ja, no echt.)
Jokte is dus tagelyk in oefening yn selsbehearsking en selsbefrediging, en it finen fan de prekêre balâns dêrtusken. Want it is mei jokjen krekt as mei in reep sûkelade faak sa, dat je net witte wannear’t je der klear mei binne as je der oan begjinne. En it is mei jokjen krekt as mei alkohol sa, dat je pas witte dat je it te mâl dien ha as it al te let is.
Eins is jokjen dêrmei in hiel mindfulle bezichheid. Under it jokjen bestiet der neat oars as dat wat jokket en giet alle oandacht út nei dêr wêr’t jokke wurdt. Even hielendal yn it no en dy even hielendal bewust wêze fan dyn lichaamlikheid, sis mar. Net neitinke, gewoan dwaan, it gewoan fiele en ûndergean, lit it der mar wêze, of sa. Wat mei akseptaasje en libjen yn it momint. (Ek al kinne we yn it jokjen ek o sa bot langje nei straks, as alles wer ophâlden is fan jokjen.)
Yn dy sin is jokte oars wol in unike sintúchlike sensaasje. Mei’t ús hûd sawol barriêre as brêge is tusken ússels en de wrâld om ús hinne, jout kribeljen, prykjen of jokjen in bysûndere lading oan de ûnderfining fan dy ferbining. Foaral as we de seizoensgebonden jokte besjogge: de losswevende en út it neat wei opdûkende spinnewebtriedsjes dy’t dy yn it gesicht kribelje yn ’e hjerst, it frjemde prikeljende gefoel fan lange broeken en mouwen op in hûd dy’t in simmer lang ûnbedutsen west hat, fingerseinen en earen dy’t dy begjinne te tûkjen ast út de winterkjeld wei wer yn ’e waarmte komst en it bloed wer begjint te streamen, wat in nuver soart ûnderhûdske jokte jout. En dan de maitiid mei dy lestich te definiearjen ‘lentekriebels’ wêrtroch’t alles en elkenien nei bûten wol en it hiele joktefestijn wer fan foaren ôf oan begjint.
Miskien is jokte úteinlik wol in manier om it libben te fielen, om dysels libjen te fielen – dat it gjin ûntwerpflater is, mar in ynboud meganisme om my by en yn de tiid te hâlden, om my bewust te meitsjen fan de seizoenen dy’t ferstrike en feroarje, en myn oanwêzigens dêryn aan den lijve te ûnderfinen, mei hûd en hier, snotnoas en trieneagen.
Want sis no sels, der binne net in protte dingen dêr’tst sa fûleindich en ûnûntkomber mei yn it momint setten wurdst as in flinke prústbui, dy’t dy út ’e teannen wei troch it hiele liif lûkt en dy de siken benimt en se tagelyk yn swolgen weromjout en tegearre mei alle snot en jokte en kribel troch dy hinne brûst om dy fol oerjefte fiele te litten, Ja! Ik libje!