Aginda 26-11-2023: ‘Lân, loft en leafde’ – in middei en jûn om Tsjêbbe Hettinga hinne

logo.ensafh

Tsien jier ferlyn ferstoar Tsjêbbe Hettinga, ien fan de grutste en meast foaroansteande nei-oarlochske Fryske dichters. Snein 26 novimber set Stichting Een brug slaan yn ’e Klameare yn Warkum in middei en jûn op priemmen dêr’t de persoan en it wurk fan Hettinga yn oan ’e oarder komme.

Publisist Bert Looper lit syn ljocht skine oer it tema lânskip yn Hettinga syn poëzy. Tryater-aktrise Eline de Vries draacht it gedicht ‘Oan ’e brek, in dei’ foar. Dichter Syds Wiersma komt op ’e tekst oer de ûntwikkeling fan Hettinga syn foardracht. Filmmakker Piter Hettinga lit in rige filmbylden oer syn heit sjen.

Sjoch foar mear ynformaasje by It Nijs

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *