Teleks: Gysbert Japicxpriis 2023 útrikt oan Jetske Bilker

logo.ensafh

Op sneon 14 oktober waard de Gysbert Japicxpriis, de wichtichste provinsjale priis foar Fryske literatuer, oan Jetske Bilker útrikt. Se krige de priis foar har roman ‘Spegel en sonde’ mei as tema demintens. De priis waard troch taaldeputearre Eke Folkerts oerlange.

De útrikking wie yn de Martinitsjerke yn Boalsert, it berteplak fan de dichter en skriuwer Gysbert Japicx. De winneres krige in oarkonde, 10.000 euro en 5.000 euro om it wurk oersette te litten.

Deputearre Folkerts spruts by de útrikking loovjend oer it boek. Neffens har “krûpt it ferhaal je ûnder de hûd op in ûngemaklike wize. It skuorret. In boek dat dat berikke kin, is in hiel goed boek.”

Lês en sjoch fierder by Brekt

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *