
Foar in folk dat bekend stiet as stiif, stuch en sels saai, sitte der ûnder de Friezen in ferrekt soad dichters. Of yn elk gefal minsken dy’t gedichten skriuwe. Poëzyleafhawwers.
De ôfrûne wiken kamen se by tsientallen tagelyk foar it ljocht op lytse en grutte dichtersbarrens. Yn Harns, dêr’t ein septimber yn it ramt fan de ILFU 1000 dichterstour goed sechstich minsken achter de mikrofoan kamen om wurk fan harsels of fan in oar foar te dragen. Twa dagen letter wie de presintaasje fan de mânske blomlêzing ‘It ritme fan Rixt’, dêr’t fyftich fersen fan likefolle leden, ryp en grien, fan it dichterskollektyf Rixt yn opnommen binne. Goed tritich dêrfan wiene yn teäter De Bres om harren wurk foar te dragen. Op 5 oktober lêstlyn wie it Dichtersbarren op it Aldehouster tsjerkhôf en yn kafee De Gouden Liuw yn Tresoar. Wer kamen ferskeidene dichters oan it wurd. Dan ha ik it noch net iens hân oer de Fryske dichtersjûnen dy’t Pier Boorsma dit jier organisearre, de undergroundsesjes fan Pauper, de Fryske Slam of de special dy’t by Omrop Fryslân makke is oer Durk van der Ploeg, dêr’t sân dichters wurk fan him yn foardroegen en de achtste, Abe de Vries, spesjaal foar de gelegenheid in op Van der Ploeg ynspirearre fers hearre liet.
Dichters all over the place, it makket nijsgjirrich wa fan al dy poëten aanst it telefoantsje krijt fan de trijefrous formaasje dy’t bepaalt wa’t de nije Dichter fan Fryslân wurde mei. Guon wolle net, guon soene miskien wol wolle mar komme hoegenamt net op in listje foar. In wite man stiet 2-0 achter, as er ek noch hetero is 3-0. Boppedat ha wy al twa wite mannen hân. In wite frou, dan? Alwer? In ynklusiven ien miskien. In kleurke soe hielendal de shit wêze. No ja, as se dan mar jong is.
Heart dat lullich, as ik dat sa opskriuw? Mooglik wol, mar it is wol in reëel senario. Ommers, Dichter fan Fryslân bist yn opdracht fan de provinsje en ynklusiviteit is in hillige graal, hielendal no’t de wrâld wer ris âlderwetsk yn ’e fik stiet. Moatst in breed publyk oansprekke en ek nei bûten ta in represintant wêze fan de Fryske befolking, fan de Fryske poëzy. Moatst foaral ek fernijende ideeën ha oer hoe’tst dyn wurk nei foaren bringst en moatst eins ek ris wat organisearje. Multydissiplinêr, dêr’t ik sa’n wurd om sis. Kwaliteit waacht dêryn it minst swier.
Op tongersdei 16 novimber, middeis om 15:30, wurdt yn de Stedskas op it Hofplein de nije Dichter fan Fryslân bekend makke. As it tsjin dy tiid noch net útlekt en omtoetere is. Gadingmakkers genôch, mar de útferkarde kin him mar fêst klearmeitsje foar de nedige krityske noaten. It sil my benije.
It giet der net om wa’t it wurdt. It giet derom hoe’t bepaald wurdt wa’t it wurdt. No wiist de provinsje oan op basis fan in advys fan in kommisje dy’t troch de Afûk oanrikkemandearre is. Polityk-korrekte workshoppoëten dy’t rap mei kabaret kombinearje. Lokwinske mei jo provinsje, poëzijleafhawwers!