
In muzikaal gedicht oer nijs yn hjersttiid troch de jierren hinne. Dat is de demokratyske útslach fan wat jim stimd ha. Dêr sil ik mei teset. Hjoed wie de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis. Dêr hie ik hinne wold, mar hjoed wie ek de oanplantdei fan de ytbere hage, myn eigen projekt yn de wyk. We ha 45 beikestruken plante op de middei en ik ha foar alle frijwilligers pompoensop makke. Om’t ik noch aardich wurch wie fan de workshops op skoalle, ha ik mysels in ekstra evenemint besparre. Likegoed fan herte lokwinske!
Lês fierder by Sigrid Kingma