Jelma Knol

Noch net op ’e flecht

logo.ensafh

Nachts dream ik dat ik wer thús wenje. Op ’e souderkeamer dy’t frijkommen is neidat myn broer in keamer yn Grins krije koe. Dêr wennet syn nije feondinne. Heit en mem fine it bêst dat ik der no bin, mar se fine dat it wol tiid wurdt dat iksels op syk gean nei eigen wenromte. Ik bin ommers al seisentweintich.
Yn ’e tsjustere gong fleane no gjin ljochtjaande krobben mear. Bror fong fjirtich jier lyn ynsekten en ferve se op mei de sulverkleurige of blaumetallic ferve dy’t foar syn modelboufleantúchjes ornearre wie. Jûns gûnzen se troch de gong, fleagen hieltyd leger en kamen dan tsjin ’e muorren botsend op ’e grûn ta stilstân. Moarns bedarren se yn mem har stofsûger.
‘Wêrom dochst dat?’ frege ik myn broer wolris.
‘Om te kontrolearjen oft ik noch wat yn it tsjuster sjoch.’
‘Mar dan kinst it ljocht dochs oandwaan?’
‘Dan wurdt elkenien wekker.’
Hy wie altyd oan it nifeljen. De hazzen en kninen dy’t wy foar de krystdagen kado krigen, waarden troch de poelier tamakke en wy krigen it jaske ek werom. It lânbouhúshâldskoalleboek fan mem learde datst de fellen fiif dagen yn in sopke fan alúnsâlt mei wetter weakje moatst (alle dagen in pear kear goed reare) en dan wiene de kninebontsjes preparearre. Noch even útrekke en fêstspikerje en dan ferwurke Bror se ta moffen of as er genôch bont hie ta in hip mouleas fest. Soks wie moade yn ’e seventies.
Deselde dream dy’t al wiken mei lytse fariaasjes werom komt, wol my wat sizze. Mar wat? Heit en mem binne al lang dea, keammerkes dêr’tst fergees útfanhúzje kinst, nei in skieding of sa, besteane net mear. Yn it gebiet dêr’t wy de lêste kear fakânsje fierden, oan ’e râne fan in grutskalich en toar ikkerbougebiet, stiene huzen te keap fan 50.000 euro ôf. En dat op 180 meter boppe NAP. Wat koe ús no noch tsjinhâlde? De Frânske taal miskien. Yn ’e eardere DDR binne ek wol sokke goedkeape huzen te keap, Dútsk is wat makliker te begripen, mar Frankryk lûkt mear. Der falt no noch wat te kiezen, aanst net mear. En yn ’e âlde DDR wenje allegear neonazys. Yn Frankryk likegoed miskien, mar dat hast minder gau foar it snotsje.
Inkelde oeren nei de ynfal fan Hamas beslute wy om de leuke sneon dochs mar trochgean te litten. Bror giet nei in iepening earne yn in tsjerkje boppe Dokkum, ik ryd him dêrhinne en stroffelje hast oer de grêfsarken by de yngong. ‘Wy binne in skilderij fan Breughel, de lamme dy’t de bline liedt of oarsom.’ ‘En wy fertelle hjoed allinne kleastermoppen,’ seit broer, like moalich. De keunstneres, in freondinne fan him, hat hjir prachtige skilderijen hingjen. De measte yndruk makket lykwols in fotootsje op har smartphone, in röntgenfoto fan har sike kavia Elske. Bror paste fan ’t simmer op har bisten. De kavia, in wyfke, waard al dagen behannele mei antibioatika omdat de feedokter oan in liifmoerûntstekking tocht. Doe’t de symptomen net oerbetteren makke hy dizze foto en konstatearre dat sy blaasgrús hie. Dêr koe Elske fuortdaliks fan ferlost wurde en no is sy in stik fleuriger. En de keunstneres ek.
Yn GrInslân geane wy nei noch in tsjerke mei moaie skilderijen en lekkere cappuccino. ‘Hoe hiest dat froeger mei dy ljochtjaande krobben’, freegje ik oan Bror. ‘Dat wiene meepsen,’ seit er. ‘Ik fong se yn in glês, sproeide der wat toiletferfrisser oer en dan wiene se in skoftke yn ’e sûs. Automatysk stutsen se de angel út en dy snie ik mei in stanleymeske derôf. Dan pakte ik se beet mei in pinset en koe ik de lyfkes sulverkleurich en blau opfervje.’
It is in bysûndere jonge, dat broerke fan my. Kinst him yn ’e simmerfakânsje rêstich dyn lytse húsdieren tabetrouwe. Hy is nettsjinsteande ús bizarre bernetiid gjin serial killer wurden mar in keunstner. Sachtaardiger as Tinkerbell. As wy aanst flechtsje moatte, nim ik him as earste mei.

1 reaksjes op “Noch net op ’e flecht

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *