
De titel set de lêzer gelyk oan it tinken. Net fiksearre hûs. Stiet de bondel miskien net as in hûs? Is it ien grutte gaos? Ast begjinst mei nei de efterflap fan de bondel te sjen, dan sjochst dat de ôfkapping fan ’e rigels yn elk gefal kontroversjeel is. Dat de rigels likernôch deselde lingte hawwe liket fan grutter belang te wêzen as dat oanjûn wurdt wêr’t in natuerlik azemskoft ferwachte wurdt.
Ast dêrnei nei de ferskate foarmen fan de gedichten sjochst, soest dy gaos der wol yn weromsjen kinne. Mar ast nei de ynhâldsopjefte sjochst, dan is te sjen dat de bondel út sân dielen bestiet en eins bêst hiel strukturearre liket. Mei titels as “Bewend gehiel”, “Net langer” en “Nei de rein” soe it kinne dat it net fiksearre hûs earst ôfbrutsen wurdt en dêrnei op ’e nij opboud. Miskien hat de bondel dan dochs wol in bouplan of wurdt der in libbensrin fan ien omskreaun? It wakkeret yn alle gefallen de nijsgjirrigens oan. Elk nij diel wurdt yn it boek skieden fan it foarige troch twa ljochtgriene siden, dêr’t de titel fan dat diel op drukt is. De foarkant en yllustraasjes yn de bondel binne kollaazjes fan Elske Kampen sels. Se lykje wol wat op skuorde stripen papier dy’t op in grut fel papier plakt binne, om sa lânskippen ûntstean te litten.
Lês fierder by Lara Kool-de Vries op Heit&Mem