
Kafee ‘De Gouden Leeuw’ yn Tresoar hat al mear as ien kear oantoand him prima te lienen foar in jûntsje literatuer. Oft dat no giet om in dichtersjûn of om de presintaasje fan in boek of bondel, it sit der smûk en húslik, sa mei dat ferskaat oan stuollen en dy royaal fulde boekekasten. Dy flierkleden is wat in poatebrekkerij, mar hawar, dêr is grif wat op te finen. In laachje antyslip soe gjin oerstallige lúkse wêze.
Woansdei 18 oktober wie it kafee dekôr foar de presintaasje fan ‘Ienenfjirtich dingen’, in bondel mei proazagedichten fan de Deenske wjergader fan Nyk de Vries: Carsten René Nielsen. De fersen binne kreas oerset troch Geart Tigchelaar. Dy hie oars de skriuwerij wat dellein, mar bloed krûpt aldergelokst dêr’t it net gean kin en soks smyt dan in mear as aardige oanfolling op it Frysktalige assortimint poëzij op.

Oersetter Geart Tigchelaar
Earder al ferskynde der wurk fan Carsten René Nielsen yn de twatalich Deensk/Fryske blomlêzing Oar hûs – Et andet Hus. Dat wie nei oanlieding fan KH2018, doe’t de fjouwer reade runen fan Fryslân (Geart Tigchelaar, Cornelis van der Wal, Elmar Kuiper en Syds Wiersma) in útwikseling hiene mei fiif Deenske poëten (Peter Laugesen, Annemette Kure Andersen, Mads Mygind, Carsten René Nielsen en Tomas Dalgaard). De dichters setten wurk faninoar oer en it resultaat waard in ryk ferskaat oan fersen yn twa talen.

Nyk de Vries
By de presintaasje fan ‘Ienenfjirtich dingen’ droech Geart Tigchelaar in stikmannich fan syn oersettingen foar, hieltyd foarôfgien troch de oarspronklike ferzje yn it Deensk, lêzen troch Britt Madsen. It wie spitich dat Carsten René Nielsen der sels net by wêze koe, dat hie fansels noch aardiger west, mar it makke de proazagedichten net minder humoristysk en absurd. Tusken de bedriuwen troch liet Nyk de Vries proazagedichten fan himsels hearre en poëzij dy’t er skreaun hat yn syn tiid as Dichter fan Fryslân.

Britt Madsen
Fan ’e Reade Runen wie allinnich Cornelis van der Wal oanwêzich om syn fers út Oar hûs foar te lêzen. Syds Wiersma hie syn bydrage op film oanlevere en Elmar Kuiper wie siik en moast op ’e lêste jitter noch ôfsizze.

Cornelis van der Wal

Lammie Post-Oostenbrink
Gelokkich wie Lammie Post-Oostenbrink, dy’t Deenske literatuer oerset yn it Nederlânsk, dêrûnder ek de beide dichtbondels fan de jong ferstoarne gigant Yahya Hassan. Sy fersoarge foar it hantsjefol publyk (fyftjin minsken ynklusyf sysels en de oare fiif dy’t in wêzentlike bydrage leveren yn ’e jûn) in skôging oer Deenske literatuer yn Nederlân. Dat binne foaral in soad thrillers, al rekket dy merk sa stadichoan wol fersêde, fertelde se. Wat der yn it Frysk ferskynd is oan Deenske literatuer wurdt eins net byholden. Ja, de bondel Oar hûs wie op google noch wol te finen. Mar eardere oersettingen, fan Sybe Krol en Douwe Tamminga bygelyks, ha de listen fan ’e keninklike biblioteek net helle. Yn dy tiid waard it Frysk dúdlik noch net as in selsstannige taal sjoen. Post-Oostenbrink spruts de hope út dat mei ‘Ienenfjirtich dingen’ it paad iepen leit nei mear Fryske oersettingen út Denemarken wei. Dêrby wiisde se ek mei klam nei útjouwerij Hispel, dy’t as lytse útjouwerij it oandoart om sa’n oersetting út te jaan, dêr’t grutte útjouwerijen de keutel ynhâlde en har leafst beheine ta klassikers, of wachtsje op in tige populêre Nederlânske oersetting. Lit ús dus hoopje dat Digte fan Yahya Hassan ek noch ris yn it Frysk te lêzen is. Tige aktueel, soe ik wol sizze!
Foto’s Ydwine R. Scarse. Filmke’s Martsje de Jong.
Bokswanten, Geart en Britt
Kuolkast, Geart en Britt