Henk Nijp

Moster nei it miel

logo.ensafh

It wie is alwer in moai skoft lyn dat wy de lêste booster krigen ha. Ik kin it krekte stuit net iens mear foar de geast helje. Even foar de krystdagen ha wy noch wol mei in hiel keppel grize kopkes tagelyk earne yn in gymsealtsje yn ’e buert in grypspuit krigen fan de dokterspraktykstipers, mar dy sil no wol net mear jilde.
Siik ha ’k eins it lêste skoft net west, dat mooglik hat dy ynjeksje wol holpen. Of net fansels, want mei faksinaasjes is dat mar min nei te gean, it is meastal in kwestje van ‘lok wat jouste’ ha ’k it idee. En heale folksstammen leauwe der hielendal net yn, dat sis it mar … De hiele simmer wie der gjin wolkje oan ’e loft. Figuerlik dan, benammen yn july hold de blauwe loft net oer, mar hawar, ik ha ek doe net snotterich west en gjin bûsdoek brûkt, de parasetamollen bleaune moai yn ’e trochdrukstrip en ek de kieltabletten sitte noch gewoan yn it trompke.
Doe’t ein augustus de pipernuten wer op ’e winkelsplanken leine, stuts suver op itselde momint ek it koroanafirus de kop wer op. Op it nijs en yn ’e krante kamen de alarmearjende berjochten hast alle dagen wer del. Der sil gjin kausaal ferbân wêze, mar it tal besmettingen naam aardich ta. It RIVM fiske nuodlike sifers út it rioelwetter – immen moat it dwaan – en luts wakker oan d’e alarmbelle. Minsken skynden wer massaal siik te wurden en priklokaasjes waarden opnij yn stelling brocht. De oerheid soe yn oktober wer in kampanje begjinne om mar sa folle mooglik prikken kwyt te wurden en as earste wiene dan de sechtichplussers oan bar. Mar ik hearde neat …
Ik hearde ek net dat net ien yn ’e omkriten earne lêst fan hie, it neisimmerwaar wie ommers ek fierstente moai om siik te wurden. Ik hearde sels fan net ien dat dy al om in prik koe. Earlik sein tocht ik: it sil wol … en gie moai troch mei de neifleach fan it kampearseizoen. It tintereau moast wer himmele, hjerrings skjin, alles wer op souder of yn ’e garaazje en neam al dy ferfelende karweikes mar op dy’t gjin namme ha mar tiid frette; in dei is samar om. Boppedat seach de tún der net út om’t der yn gjin tiden wat oan dien wie en it nochal groeisume wiken wiene – wat is túch en wat is blom? En dan is aanst it houtwurk fan it hûs der ek noch. It liket wol oft Tata Steel belies jûn hat yn Velsen en fan’t simmer krekt bûten ús doarp in nij plak krigen hat, sa smoarch binne de kezinen en ’e daksrânen. Wat no greenwashing, it is sa swart as wat! Fakânsje is moai, mar je moasten eins net werom hoege.
Sa ferstrutsen der in pear dagen. It húswarjen by de bernsbern wie yntusken ek wer op it nivo fan foar de fakânsje en naam dus ek wer de noadige oerkes yn beslach. Nee, wy hoegden ús yn it earstoan noch net te ferfelen.
In pear dagen lyn kaam der in appke binnen. Oft wy de oare deis ek wat earder komme koene. Ien fan ’e bernsbern wie heal út skoalle kommen en it seach der net nei út dat it de oare deis al oer wêze soe. As wy sa’n berjocht krije, litte wy alles út ’e hannen falle en betinke ús gjin momint. Fansels komme wy.
Dêr lei de lytse man mei in heechreade kleur ûnder in fleecetekkentsje op ’e bank. Mei in filmke op ’e iPad en in holle fol snot. Bûsdoeken wiene net oan te slepen. Der wie yn elk gefal al ien doaze tissues à 70 stiks opbrûkt en de nije wie ek al fierhinne leech. En hy kuchele wakker yn ’e earmtakke, dat is der wel goed yndruid by dizze generaasje.
Hy seach net op of om en hie fierder neat te keap, mar sa lang’t de iPad genôch opladen wie, gie it allegear noch wol. Iten hie er gjin ferlet fan en hy dronk in bekerfol om’t wy it seine. Sa no en dan lei er sels de filmkes oan’e kant, no dan is der echt wol wat te rêden. Doe’t wy wer op hûs oan koene, siet der noch net folle leven yn, mar der is op it wurk wat regele, dat se koene it no fierder mei-inoar sels wol oprêde.
Juster soe ik wer mei de neisimmerwurksumheden oan ’e slach, mar by it moarnsiten wie ik net rjocht halich en ik kochele ek ynienen. Dat ha ik nea. Ik ha yn gjin jierren mear in sjekje draaid, mei smoken bin ik sa’n fjirtich jier lyn al ophâlden, gjin idee oft Javaanse Jonges noch ferkocht wurdt. Mar it wurk wachte en ik soe mar gewoan begjinne, dan wie it aanst grif wol wer klear. Tsjin ’e kofje rûn it snot my ta de noas út, earst noch wol helder, mar de middeis is it al hast grien en it kocheljen hâldt ek oan. Der kaam my fierder net folle mear troch de hannen. Kalm oan mar, faaks is it moarn wol wer better, tocht ik.
Moai net, ik wie fan ’e moarn sa min as pudding. Foar de wissichheid ha ik dochs mar in Covid-selstest dien, al ha je der tsjintwurdich net folle mear oan. Ik ha de hantlieding blykber knap neikomme kinnen, want der ferskiynden twa prachtich reade streekjes op ’e testunit, ien by de C en ien by de T. Dus ja, besmet! Tsjin ’e ein fan ’e middei kaam de postrinner del, mei in brief. Fan it ministearje van VWS. Ik wurd hjirby útnûge om wer in faksinaasje te heljen by ien fan ’e priklokaasjes …

 

4 reaksjes op “Moster nei it miel

  1. Ik wie yn septimber al de klos. Mar dêrnei bist trije moannen ymmún. Dêrnei gean ik wol hinne om in faksinaasje te heljen! Ik hoech it fuort net wer. It bliuwt in ferfelend firus. Net te leauwen hoe snotterich as’t dan bist, hè?! Betterskip Henk!

  2. Ja ,oer trije moanne mar wer even om in prikje. Aldergeloks it is no alwer oer . Mar yndie, wat in snot kin in minske dan produsearje…

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *