Teleks: Digitale stipe foar rymjende Fryskskriuwers

logo.ensafh

Op sneintemiddei 12 novimber 2023, presintearret de Fryske Akademy, yn ‘e mande mei rapper/kollumnist Pieter Zijlstra en syn maten, Sweder Oosterkamp en Teun de Vries, it ‘rymwurdboek’. De presintaasje is om 15:00 oere yn Neushoorn oan it Ruterskertier te Ljouwert.

It rymwurdboek is in útwreiding fan Frysker.nl, it digitale skriuwark dat stipe jout by it opstellen, staverjen en oersetten fan Fryske teksten. It rymwurdboek is streekrjocht te benaderjen fia Frysker.nl/rymje en fia rymwurdboek.nl.

 

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *