
Allinnich. Op it grutste evenemint fan it jier … Typysk!
Hielendal allinnich ryd ik fierder it tsjuster temjitte. De situaasje liket sa bot op it deistich libben dat ik der hast fan gûle moat. Gelokkich kin ik it ynhâlde, want de snotte dy’t my út de noas dript, is fuortdaliks beferzen.
‘Ferfelende Fedde’, sa neame se my op ’e oplieding. En eins ek al jierren dêrfoar. ‘Fedde kin it dochs net rêde,’ hienen se sein en ‘Wedzje dat hy it net oandoart?!’
‘As hy it al hellet, mei er fan my mei nei de kroech!’ hie Wiebe út ’e grap útbrocht.
‘En van mij krijgt hij een kus,’ rôp Suzan der oerhinne. Eltsenien lei dûbel fan it laitsjen. En sa is it kaam dat ik my sûnder tarieding dochs opjûn hie foar it plak dat de famylje fan myn pake urven hat.
Pake, dat wie no in wiere man, sels yn syn lêste jierren kaam de helte fan ’e stêd noch by him op ’e kofje. Hy wie nea iensum, hy soe nea opjaan. En ik? By Frjentsjer soe ik al ophâlde! Mar omdat it foar it earst ea wie dat minsken my oanmoedige hienen en mei my begien liken te wêzen, ha ik doe dochs mar trochset. Dat gefoel fan der einlings by te hearren fielt no al wer in libbenslang lien. No’t it kearpunt krekt efter my leit is der hielendal gjin mins mear te sjen …
Of wol? Dêr, yn ’e fierte! It liket wol in groepke minsken op in bankje. Och efkes sitte!
‘Rêdst it noch op jonge?’
Ik knik. ‘It is oars noch in hiel ein nei Ljouwert, hear! Moatst noch in kilometer as tsien, tink! En de biezemwein is net mear as in kertier fan dy ôf, leau ik, miskien mar tsien of fiif minuten!’
Ik jou in flau glimke en fierstente te fluch gean ik wer stean. Ik moat fierder! Ik móát it helje! Ik kin wier net noch ien dei sa iensum wêze! As ik it net helje kin, doch ik mysels tekoart …
Ik set ôf en stroffelje foaroer. Der is ien dy’t my wer oerein helpt. ‘Ik tink dat it sa net mear kin, jonge,’ seit er.
Mar it moat! Mei eangst yn ’e eagen triuw ik him fan my ôf en gean fierder. Mei de panyk yn ’e slach giet it noch muoisumer as earst. Ik kin net mear goed hearre oft it groepke om mei laitsje moat of net. Makket neat. It iennichste dat noch telt is de finish. En mei nei de kroech!
Nei wat fielt as in ivichheid hear ik wat gebrom. Wat soe dat wêze kinne? Wêr komt it wei? Ik kin it net betinke. Ik besykje om my hinne te sjen. It liket wol oft gjin spier mear wit wat er oars dwaan kin as allinnich deselde beweging as se no al de hiele dei dogge. En myn sicht is sa wazich. Ik tink dat ik noch wat hear, mar ik kin dit lûd ek al net thúsbringe. Soe it in ingel wêze? It lûd wurdt sterker en hat hieltyd mear klanken. It klinkt hielendal net himelsk, mar gespannen. Ynienen is der in robot neist my! De kjeld rint my troch it liif. Is der in ynvaazje? Krekt wat foar my om just no ûntfierd te wurden troch aliens. O nee, der sit ien op ’e robot. Syn mûle beweecht, mar ik wit net wat er seit. Nei in skoftke kin ik it wurd ‘biezemwein’ ûnderskiede en de skrik slacht my om it hert. Ik doch as hear ik de man net en gean gewoan fierder. Ik kin net oars! Oars is alles foar neat!
Dêr! Dêr binne grutte ljochten! Soe it dan dochs? Soe dit de finish wêze? Myn lichem fiel ik net mear, mar bliid sjoch ik omheech. Yn gedachten tink ik dat der noch in bocht komme moat, mar dat sil wol net, hjir is einlings de finish! Einlings sil ik derby hearre, einlings by de groep, hokker groep dan ek. Wat binne dy lampen fûl! Se ferblynje my. Wêr moat ik hinne? Ik besyk myn earm foar de eagen te hâlden, mar dat slagget net, myn earm wurket net mei. Kin my neat skille, ik bin der! Ik bin immen. Ik ha it helle! Noch in lyts eintsje mar. De waarmte fan it geloksgefoel rint my troch de lea, nea earder ha ik my sa field. Ik sjoch gjin hân foar eagen, ek al soe ik se der krije kinne, oant ik ynienen skrokken gesichten fan ’e mannichte flak foar minen’t sjoch. Ha ik dochs noch in bocht mist? Mei in ôfgryslik leven en in ferdôvjende knal, wurdt alles yn ien kear … swart …