Teleks: Petear mei Durk van der Ploeg

logo.ensafh

Hy is de âldste bekende Fryske skriuwer dy’t nij wurk publisearret. Durk van der Ploeg is 93 jier en noch altyd warber mei skriuwen. “Ik skriuw mysels it ferhaal yn.”

“Ik rin net mear sa hurd, mar fierders giet alles goed”, seit Van der Ploeg, dy’t yn Noardburgum wennet. It measte wurk thús lit er dwaan. Mar it tinken kin er net oan in oar oerlitte.

Sûnt de dea fan syn frou wennet Van der Ploeg allinnich. Der binne dagen dat der gjin minsk komt. Hy wurdt dêr net ûngelokkich fan. De bern komme geregeld del en der is sosjale kontrôle.

“Ast âld wurdst, hâlde se dy yn de gaten. Is er der noch? Baarnt it ljocht wol? Ik kin my oe sa thús deljaan. De dagen binne my te koart. Ik haw it drok en as ik it net drok haw, meitsje ik my drok.”

Lês en sjoch fierder by Omrop Fryslân

2 reaksjes op “Teleks: Petear mei Durk van der Ploeg

  1. Yn dizze ekstra lange Noardewyn 1 op 1 praat Willem de Vries wiidweidich mei skriuwer en dichter Durk van der Ploeg. Tuskentroch poëtyske bydragen fan Abe de Vries, Arjan Hut, Sigrid Kingma, Christa Niklewicz, Gabriëlle Terpstra, Martsje de Jong, Alwin van der Toorn, Lubbert Jan de Vries en Jens de Vries:

  2. ….dat sadwaande ek op it YT kanaal fan Noardewyn te sjen … !!!!!!!!!!!

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *