
Ofrûne wike ferskynde yn it Friesch Dagblad in kollum fan Jaap Krol oer de positive saken yn de Fryske literatuer fan hjoed-de-dei. De titel fan it stik wie ‘Fryske Boekewike’. Hy reflektearre wat op ’e jierren sechstich en santich, doe’t in stikmannich ‘angry young men’ (net syn wurden) de Fryske skriuwerswrâld opskodde mei eksperimintele romans. Lês: mear en eksplisitere seks, alternative stavering, l’art pour l’art om it mar yn trije wurden gear te fetsjen.
Literatuer hie doe gâns mear gesach as no, sei Krol, mar gelokkich wie der no ek genôch moais en hy neamde ûnder mear de Gysbert Japicxpriis foar Spegel en Sonde fan Jetske Bilker – in boek oer alzheimer –, it ferskinen fan de humoristyske nije ferhalebondel fan Sipke de Schiffart en it kadoboek Hiltje yn Pella fan Anita Terpstra.
Ik rekke wat op ’e doele, want wat woe Jaap Krol ús sizze? Wat wie no de ferliking mei goed fyftich jier lyn? Wie dat it feit dat der überhaupt prizen útrikt wurde en nije boeken ferskine? Dat der no sawat as in boekewike is? Hawar, der stie wat oer literatuer yn in krante en dan moatte wy al bliid wêze, want ek al ferskynt út en troch in resinsje yn beide deiblêden en ek noch wolris in ynterview mei in skriuwer, der wurdt komselden echt ynhâldlik reagearre of reflektearre op literatuer. Net yn Fryslân, ek net yn de rest fan Nederlân. Dêr moatst foar by literêre tydskriften wêze en dy krijt lang net elk ûnder eagen. En dan noch mis ik de diskusje, want ek dêryn giet it almeast om resinsjes. Wol in stik langer en ynhâldliker as dat mooglik is yn dy lullige pear hûndert wurden dy’t yn ’e krante wizânsje binne, mar bespegeljende stikken oer it literêre fjild, in stevige opiny, is der net by.
Miskien is it wrâldsje fan skriuwers en lêzers, útjouwers en subsidiïnten wol te lyts. Binne wy sa bot ôfhinklik fan inoar, dat wy net ris even lekker op ’e trom slaan. Net even de kneppel yn it hinnehok smite om te sjen wa’t der omheech stowe. Leaver binne wy leaf. Iksels likegoed. Wy komme inoar ommers altyd wer tsjin. En lit ús earlik wêze, echte enfants terribles rinne yn Fryslân net om. Of it moat Abe de Vries wêze, dy’t op syn Seedyksterfeartfisk no en dan yn net mis te fersteane bewurdingen de kat de bel oanbynt. Dat wurdt net troch elk wurdearre, want hy lûkt wûnen iepen, leget der in busfol sâlt yn en begjint der dan yn om te wrotten. Dat docht sear, mar oer it generaal hat er wol aardich gelyk, oft jo dat no aardich fine as net.
En hokker skriuwer komt noch mei in boek dat de Fryske grûn skodzje lit? In roman dy’t spot mei de gongbere wetten fan de skriuwerij, dy’t de flier oanfaget mei de feilige midsmjitte-ideeën fan ús simpele boerepummels, dêr’t teare sielen en selsbeneamde gefoelichheidslêzers fan yn in kramp sjitte? Wa skriuwt noch in Fabryk, in baarnende dichtbondel sa’t Allan Ginsberg dat koe? Okee, wy ha no Sjappy.
Ik wit it, lang net elk hâldt fan sokke boeken en fersen en de dochs al lytse merk sil miskien meitsje dat de trochsneed útjouwer sa’n manuskript leaver net útbringt. En ja, in boek mei ek gewoan ‘leuk’ wêze. Noflik fuortlêze, in potinsjeel grut publyk oansprekke. Mar leave skriuwers en skriuwerinnen, de wrâld stiet yn ’e fik en it lân dêr’t wy wenje hat ek better tiden kend, wêrom lês ik dat noait yn jim wurk? Wêrom sa aaklik mjitsk en leaf? Baarn deryn!
Miskien, hiel miskien krijt de literatuer dan in bytsje fan it âlde gesach werom. Wurdt deroer praat, helpt it minsken om saken fan in oare kant te besjen en sa harren miening te foarmjen op grûn fan mear as allinnich it poldermodel. Krije literêre prizen wer echt gewicht. Wa wit krijt de Fryske literatuer dan it omtinken yn kranten en op ’e radio dat ik it sa graach gun. Wurde jim frege yn praatprogramma’s of krije jim aaien tsjin ’e ruten. Tiptop, as der mar lêzen en neitocht wurdt. Dus, as jim my no tasizze dêr jim bêst op te dwaan, dan sis ik mei Jaap Krol: ik bin benijd wat 2024 ús bringt!
Moaie column, net folle mis mei dyn yntinsjes, Martsje. Mar aaien tsjin ‘e ruten? Dan giest der dus fan út dat lju dy’t sa agressyf reageare (a) Frysk lêze kinne, (b) de Fryske literatuer folgje en (c) de muoite nimme wolle om it adres fan dyselde skriuwer te achterheljen. Mocht sa’nien opdûke, lit it even witte, dan stopje wy him op en sette him by yn it literatuermuseum dat Tresoar oan it opsetten is.
Hast fansels gelyk Koos, mar allinnich al om dyn plan mei de aaismiter soe ik guon minsken it adres fan Sipke jaan moatte ????