Cornelis van der Wal

Arjan Hut nije Dichter fan Fryslân, in lyts ferslach

logo.ensafh

Op tongersdei 16-11-2023 waard Arjan Hut útroppen ta nije Dichter fan Fryslân. Hut folget Sigrid Kingma op. It wie net in grutte ferrassing, dizze beneaming. Ferskate literêre profeten hiene it al foarsjoen. Mar dat betsjut net dat it gjin terjochte beneaming wêze soe. Arjan Hut hat al ûnderfining as Stedsdichter fan Ljouwert en as Wâlddichter, dat it komt grif goed.

Foto’s: Cornelis van der Wal

Yn de Stadskas, by de Aldehou

Sigrid Kingma nimt fleurich ôfskie

Janneke Spoelstra, nimt se it stokje oer twa jier oer?

Willem Verf hat in trui oan, sa heart dat by manlike Fryske skriuwers

Sipke de Schiffart (rjochts) hat ek in trui oan

Remco Kuiper (links) draacht ek in trui. Mar wat hat André Looijenga oan? Is it in trui? Ja.

Hjir noch ferstoppe yn it publyk: truidrager Arjan Hut, de nije DFF.

De nije DFF nimt de blommen yn ûntfangst

g

4 reaksjes op “Arjan Hut nije Dichter fan Fryslân, in lyts ferslach

  1. Mar wat hie ús fleanende reporter oan? Ek in trui, of… ? Dat ûnderskrift by de lêste foto is wat apart (mar dat ‘geheel terzijde’). Arjan fan herte lokwinske mei de beneaming en súkses!

  2. De reporter hie yndied ek in trui oan, mar dy wie net te sjen foar de omstanners, want der siet in heechslutend jaske oerhinne…

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *