Cornelis van der Wal

​ Mingd Nijs (7) Brok fljocht út ’e bocht

logo.ensafh

 

Op 10-11-2023 krige skriuwer Hylke Speerstra de Fryske Anjer opspjelde troch Kommissaris fan de Kening Arno Brok. Lokwinske Speerstra! 

Brok brocht by dizze gelegenheid de literêre sjuerys dy’t de ôfrûne jierren oer de Gysbert Japicxpriis kediisden yn diskredyt.

Want wat sei er yn syn taspraak by dizze gelegenheid: ‘Kommissaris fan de Kening Arno Brok neamde de laureaat Hylke Speerstra ien fan de ikoanen fan Fryslân en frege him ôf wêrom’t er de Gysbert Japicxpriis nea krigen hat.’ Alsa it sitaat fan Pieter de Groot yn de LC.

No haw ik sels noch nea in boek fan Hylke Speerstra lêzen, mar de reden dat er de Gysbert net krigen hat, sil grif lizze yn it ûntbrekken fan literêre kwaliteiten.

It past net foar in Kommissaris fan de Kening om him te bemuoien mei literêre sjuerys en prizen. Dêr giet de man net oer.

Ik haw in soad respekt foar út Kommissaris fanwegen syn ynset foar de Fryske taal, mar lit him fan de literatuer ôfbliuwe.

Elk syn fak.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *