Lubbert Jan de Vries, Walt Whitman

Gjalp

logo.ensafh

 

 

Tongersdei 23 novimber 2023, de dei nei de ferkiezingen
‘Gjalp’
(in hânsum pamflet, frij neffens ‘Liet fan Mysels’ fan Walt Whitman, troch Lubbert Jan de Vries)
Ik lit myn barbaarske gjalp klinke oer de dakken fan de wrâld!
En alles dat oan my beheart beheart likegoed oan dy.

 

Hjoed it bêste sjen litte en it skiede fan it minne pleaget de nije tiden. Ik ha heard wêr’t de praters oer prate; striid, ferskrikkingen en oarloch, de opwining troch twiveleftich nijs, it ritige barren fan dingen. Dy komme dei en nacht op ús ôf en geane wer fan ús ôf. Mar se binne net ússels, net de ‘Ik’.

Dû, nim net langer saken oan út twadde as tredde hân, fuorje dysels net mei spûken.
Dû, harkje nei alle kanten en suverje harren fanút dysels.
Dû, besef dat alle froulju en manlju dyn susters en bruorren binne, ús beminden. Bliuw
tichte byinoar, fêsthâldend, net wurch te krijen en wankelje net; leafde is de kylbalke fan de skepping. Lit sa frede oer de hiele ierde oerein komme.

Ik bin fan âlden en it jongfolk, fan dwazen en wizen. Ik bin fan elke kleur en kaste, fan elke rang en religy. Ik wol net dat in inkel minske leechlein of bûtensletten wurdt. Ik sil neat akseptearje dêr’t net elk ûnder deselde betingsten syn eigen diel fan ha kin. Ik kom mei lûde muzyk. Net foar de erkende oerwinners. Nee, ik spylje foar oerwûne en delsleine minsken.

Elk rint hjoed om mei it jild yn de eagen. Om de habsucht fan de búk te fuorjen, en om it brein leech te leppeljen. Yn oerfloed huppelje de lytse mantsjes sa yn ’t rûn. Mar ik wol dy berikke. Myn gelikens of wa’tstû ek bist. Dy o sa folle fierder sjen litte; einleas is dêr de romte en it paad. Fansels kin nimmen oars foar dy oer dit paad reizgje, dû moatst it foar dysels berinne. Dû moatst it foar dysels útfine. Mar it is net fier.

Hjoed troch my de lang ferstomme lûden. Gjin wacht kin my tsjinhâlde. Gjin wet my keare. Ik kom as fergrutglês en as oanbringer. Ik rop mids de kliber. Bombastysk, wiid en finaal. Ik sprek it
oer-wachtwurd út, sa jou ik it teken fan demokrasy! Wy ha it weidûken en ôfwizen no lang genôch dien!

Hjoed hear ik it lûd fan alle minskestimmen. Ik hear it gearkommen; tagelyk, ferraand of folgjend.
Ik hear de lûden fan de stêd en de lûden fan bûten de stêd. Ik sil neat oars dwaan as harkje. Mei de stiltme fan myn lippen bring ik de skeptikus sa alhiel yn’e betizing.

En, dy iene dêr?! Giet hy de oaren te boppe?! Is hy aanst de (Minister) President?! It hat neat om’e hakken, se sille der yn kloften en noch mear op ôfkomme, en der dochs wer oan foarby gean.

Freon en freondinne, dû hast lang genôch minachtsjende dreamen dreamd. Ik waskje de smoargens no út dyn eachhoeken. Dû moatst dysels no wenne ta it ferblynjen troch it ljocht en alle goede mominten fan dyn libben.

Sprek ik mysels hjir tsjin? No bêst dan sprek ik mysels tsjin. Ik bin grut, ha mannichten yn my. Mar ik rjochtsje my hjoed nei dy, dy’t deunby is, en ik wachtsje by de doar. Ik sil dy sûnens bringe. En it bloed suverje en it krêft jaan. Wolstû mei my op paad gean?
Bliuw oanmoedige as it ynearsten lykwols mislearret my benei te kommen.
Fynst my net op dat iene plak, sykje earne oars. Ik stopje dêr sawat en wachtsje op dy.

Burgum novimber 2023 / New York (Brooklyn) 1855

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *