
Ik haw krekt in skoftke nei mysels sitten te sjen, op in foto yn ’e krante. Dy wie nommen fan in ôfstân fan seis miljard (!) kilometer, stie derûnder.
Heden, wat bin ik grou op dy foto! Soks falt fan tichteby net sa op. It die my tinken oan in foto dy’t ús Lúcia makke de lêste kear dat se hjir wie. Dat moat yn ’t earstoan fan 2020 west hawwe. Want it wie justjes foar de útbraak fan Covid-19. Lúcia-en-dy wiene krekt op ’e tiid werom yn it Ingelân doe’t de Portegeeske grinzen sluten waarden.
De fan Lúcia makke foto toant myn Maria, dy’t wat boadskippen yn ús auto leit. Doe’t ik dy opname neitiid te sjen krige, sei ik fuort: ‘Kremis, ik haw dy beam hielendal net stean sjoen, doe’t ik ús auto dêr delsette.’
Maria andere droech: ‘Dat is gjin beam, ju. Dat bisto sels.’
Lês fierder by Jaap Slager