Henk Nijp

Feestje?


logo.ensafh

It wie in frisse moarn mei wat in wetterich sintsje en sa no en dan in snjitterke. Mar fierder wol helder en skjin. Ik soe myn wenstige rûntsje mar wer even drave. Dat is meastal in goed begjin fan de dei; ‘een gezonde geest in een gezond lichaam’ net wier?
 Doe ‘t ik goed en wol op wei wie beluts de loft al rillegau en healwei de rûte wie ik al dweiltrochwiet. Hoe sûn is dat?! Mar gau op hûs oan, ik gong dochs dy kant al út. In lekkere dûs, nei ‘t ik de wiete brot ôfstrûpt hie, die wûnders. En nei in farsk bakje kofje wie ik wer hielendal by sûpe en stút. It koe wer oangean.
Om ‘t de bern drokke aginda’s ha en de wykeinen ek fier yn it foar ynpland wurde kaam it der koartsein op del dat wy betiid sinteklaazje moasten dit jier. En dat freget wol de noadige tariedingstiid. Ferlanglistjes, ynkeapen, gedichten, kado’s ynpakke, labeltsjes derop en útsykje wa ‘t graach hokker smaak sûkeladeletter wol. Ik hie der eartiids ris in listke fan makke en yn’e iPhone opslein; it wie lykwols net werom te finen. Net yn ‘e notysjes, net yn ‘e bestannen en ek net yn ‘e dokuminten. Dan mar op ‘e gok, se soene grif wol opkomme.
De gedichten freegje yn ferhâlding gâns mear tiid al woe it wol aardich, mar dat is ek fuort de falkûle. Je tinke dit avesearret moai mar dan… ynienen stûket it dichtsjen, it hâldt op en jo ferfalle ta de selde rymwurden en kromme konstruksjes. En dat is fansels net de bedoeling, it moat al wat lykje! It spul kin dan mar it bêst even oan ‘e kant lein wurde, stûf trochgean leveret neat op, dan wurdt it tiid foar even hiel wat oars.
En dat kaam net raar út want wy moasten ús demokratyske plicht noch dwaan.
It wie oan it begjin fan’e middei dat it soe wol net smoardrok wêze op it stimburo, ornearren wy. Ik hie myn stimpas, doe ‘t dy besoarge waard, fuort op it prikboerd pript, in goed plak, want yn de oanrin nei de foarige ferkiezings wie it dokumint mei slúf en al achter it laad bedarre en dat hie doe noch in hiele en benammen hastige operaasje west om ‘m werom te finen sa koart foar slutingstiid. It rydbewiis siet al yn’e jasbûse.
Bij it doarpshûs wie it no fuort net swart fan de minsken, mar knap drok wie it wol. Ik tocht noch optein: ‘Tsjonge wat is ús doarp ynienen polityk bewust wurden, dat liket der op!’ Ik hie lykwols even net oan ‘e âldereinsoas tocht. De senioaren soene hast los mei sjoelen en skutjassen en koene krekt foar oanfang moai harren stim noch útbringe.
Stadich skoden wy yn it rychje op nei de tafel dêr ‘t de leden fan it stimburo sieten. Dêr oankaam koe myn rydbewiis der noch op troch en de pas wie ek ynoarder, dat ik krige in stimbiljet oerlange. De man achter de tafel fertelde noch dat ik dêr stimme koe en wiisde nei it hokje, mar dat hie ik al wol yn it snotsje. Mar wat in stik papier!
De stimmers foar my stiene wakker te klongeljen om it formulier troch de skreef fan de kliko te krijen. Oan it meneuveljen te sjen moast de bak al knap fol sitte. Deselde man dy ‘t my it stimhok oanwiisd hie besocht no mei in stokje mear romte te meitsjen yn de kontener. Hy pjukte der wakker yn om. It soe my gjin nij dwaan dat er in tal stimmen ûnjildich makke hie mei syn pripperij. 
Om by it rûntsje te kommen dat ik graach ynkleurje woe hoegde it formulier aldergelokst mar ta de earste tear iepen; dus dat wie gau beslikke. Mar it reade potlead woe mar min. Doe’t it fakje nei myn sin read genôch wie en ik de reuzefolder yn de grize bak triuwe soe ûntstie der wat rumoer. In krasse dame op jierren, mefrou P., fan fiif huzen fierderop yn ús strjitte, stjitte my oan mei har rollator. Lichte panyk yn ‘e eagen en triljende hannen. Hja rint al in moai ein nei de njoggentich, hja hie de bril thús lizze litten. Se koe it ûnbidige formulier net goed iepen krije en hie al yn ‘e gaten dat se aanst, yn it hokje, de partij fan har kar net fine soe. “Kinsto my net even helpe ik sjoch it net mar wol perfoarst stimme.” Dan bin ik de minste net; ik soe ek graach holpen wurde yn sa ‘n situaasje. En wie noaberschop ek net in wichtich tema by dizze ferkiezings? Ik krige har formulier en tearde it iepen.”Wat moat it wurde?” frege ik hast sûnder stim. Ik wiisde de kolom oan dy ‘t hja my ynflústere hie. Mar de prikkeman krige ús yn ’e gaten, dit gong him fierstente fier. Mei in reade holle rôp er: “Nee, nee, … se moat it sels dwaan, dit kin net hear!” Hy soe hast fan ‘e stoel ôfkomme, skitenbenaud foar ûngeregeldheden, tink. Ik rôp: “Ja, ja, komt goed!”, draaide my om, pielde myn formulier yn de kliko en rûn nei de útgong. Frou P. hie it blykber wol goed sjoen want hja skode ferromme it hokje yn. Mei rollator en al. Of har stimbiljet wat kreas yn de kontener kommen is ha ik net mear meikrigen.
De middeis ha ik de gedichten noch kreas ôfmeitsje kind. Mar de jûns, nei njoggenen, beluts de loft al rillegau wer, al wie it no figuerlik. Wat it feestje fan ‘e demokrasy wurde moast waard aardich ferbruid troch de exitpolls; der wie hielendal neat te fieren wat my oanbelange. Ik bin mar betiid op bêd gongen. De folgjende moarn waard ik nei in frijwat ûnrêstige nacht en mei in behoarlike kater wekker. En ik hie mar ien read wyntsje hân….

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *