
Fiif oere moarns. Ik wie allinne. Alles gie sa hurd, sa swier en sa treurich. Safolle minsken hawwe hjir oer de flier west. Se ha wat sein, mar net in protte. Ik fûn it begrutlik. Se ha my meinommen, twa dagen letter ha se har fûn.
Ik hie krekt poept. Prachtich poept! En dat wie al even lyn. In peristaltysk orgasme. In wûnder, ja, in berte. En dêr wie it mei begûn. It wie de berte fan it idee om myn freondinne te fermoardzjen en alle ideeën dy’t berne wurde, hawwe rjocht op libben.
‘Moatst dy rommel net brûke,’ sei se, ‘dan hast ek gjin wûnder nedich.’
Se snapte it net. Froulju …
Troch myn eufoaryske ferromming kaam ik los en dat yn in wrâld dêr’t net folle bysûnders is! Nim bygelyks de leafde (ik hearde in doar tichtslaan). Neat bysûnders! Miljoenen minsken wurde eltse dei fereale, krije in relaasje, bern. Dat is perfoarst gjin wûnder, dat is in antwurd op de begearte, it begearen fan it orgasme. Wy libje yn in orgasmemaatskippij. Klearkomme is net mear it hichtepunt yn in leafdesrelaasje, mar de betingst foar begearte. Ik hearde it húske trochspielen.
‘Nee, dan dat poepen, dát is bysûnder,’ antwurde se skerp. ‘Typysk manlik.’
Ja se wie der noch en dat hat se witten.
‘De ideale trochgong is dé metafoar foar in ideaal libben.’
Ik deponearre dizze stelling op ‘e jierdei fan myn wat sullige skoanheit. Wêrom? By skoanfamylje falt neat te winnen. Do hast it as kâlde kant altyd dien. It is in thúswedstriid sûnder it foardiel fan it thúspublyk. Narje, it leafst ûnferwachts, is it iennichste genot.
Ik hie in koade brutsen. Of in koade kreake, mar sibbe stipet elkoar altyd! Troch realiteit en wierheid hinne.
Ik makke der in grap fan, wat kin in man oars? ‘Under wiidweidigens produsearje ik de helte mear.’
‘De helte mear of twa kear safolle?’ biet skoanheit my ta.
In jierdei is ûngemak en om elkenien dat ûngemak fiele te litten, hie ik noch in ûnderwerp paraat: masturbaasje. Sa lekker.
Bluisterich lûd luts ik de oandacht mei it sizzen dat froulju frustrearre reitsje as harren man porno sjocht en masturbearret. Dat fielt as ûntrou. Hast elke man libbet him sa út en as er komt, dan net op syn partner.
Stilte, tsja…
‘Wy gean,’ sei se. De besite siet wilens oan ’e oare kant fan ‘e keamer. Teake van der Meer grapkes binne fansels grappiger. Se joech my in kâlde tút. In Judastút.
De weromreis yn ’e auto stilte. It set altyd mei stilte útein. Stilte is útstel fan ûnrest. De Tigers fan Greonterp op ’e radio. Wiere poëtyske muzyk, hat dat besteansrjocht? ‘Kom hjir jonge, set de neilen yn myn fel en lûk in spoar, meitsje kjel!’
Ynienen wist ik alles! Leafde is jaan, mar ik woe it nimme. No! Adrenaline wakkere de wyn yn myn holle oan ta in stoarm. Alle ûnwissens waaide fuort. Sy wie de deade hoeke fan myn gefoel. It swarte gat, der’t myn gefoel yn ferdwûn. Sûnder dat gefoel koe ik net neitinke, sûnder tinken koe ik net fiele. En dus moast sy sels yn dat swarte gat! Hoe? Ja, dat wie fansels wol even in ding, mar doe’t wy thús kamen woe Gurbe, de kat, derút en doe wist ik it: eter! Ik hie it noch yn e hûs fanwegen tefolle jonge katten. Even yn ’e eter en dan yn ’e Pikmar, dat wie it! Net yn it kanaal, want dêr is tefolle streaming.
Se hie drank hân. Fansels wie se lilk op my, ik wie in hork. Seks koe ik foarearst wol ferjitte. De wierheid wie oarsom, wat seks oanbelanget. Foar de man is seks gjin sosjaal barren, mar in wedstriid dy’t wûn wurde moat, froulju drinke der it leafst in kop tee by.
Se gie fuort op bed, ik naam noch in bearenburchje mei de Tigers fan Greonterp op ‘e eftergrûn. Nei it tredde ‘burchje’ helle ik de eter út it hok. Pakte in waskhantsje en fersûpte dy deryn. Dêrnei rûn ik rêstich nei boppen, ik hie in misje.
Se lei te snoarkjen. Ik begûn stadich mei har boarsten te boartsjen, dy wiene no noch waarm. Kâlde boarsten fiele frjemd, dat wol net. Se fûn it lekker en makke de lûden dy’t dêrby hearre. Wat dat oanbelanget liket in sliepende frou wol op in hûn. Pavlov hat dêr nijsgjirrige saken oer skreaun.
Se ûntspande en ik draaide har op har liif. Har hannen die ik op har rêch en bûn der wat tiewraps omhinne. It waskhantsje lei ik op har kessen. Ik gie op har billen sitten. Har lange hier pakte ik stevich beet en doe drukte ik har gesicht hurd yn ‘e eter. Dat foel ôf. Ik sette myn knibbel yn har nekke, se wie sterk. Uteinlik bûn ik it eterwaskhantsje mei myn sokken om har gesicht. Sa waard se stadich slop. Moai! Ik makke kjel! Ik fielde my suver grutsk. Mannen binne doelfêst!
No moat se noch yn in sek, it liket Sinterklaas wol. In jutesek wie te lyts, hoe krige ik no op dit stuit twa sekken oanelkoar? Ik koe har fansels ek sa yn ’e mar smite. Strakke klean oan, foltroppe mei stiennen … Wêrom hie ik dit net better taret? Unrêst naam stadich de rezjy oer yn myn lichem. It hert kloppe my yn ‘e kiel. Neitinke en rêstich bliuwe! Aanst kaam se wer by kennis. Ik draafde nei de treppen, ûnderweis nei ûnderen ta glide ik út, ik foel …
Swier beswit waard ik wekker. Wêr wie ik? Myn hert barste hast út myn liif, de stoarm yn myn holle wie yn ien kear fuort. Nei in skoftke fûn ik mysels wer. Boppe de doar fan de sliepkeamer seach ik de poster fan Loesje hingjen: ‘De moaiste dingen kinst net betinke, dy meist fiele.’
It wie fiif oere moarns. Ik wie allinne.
Winner ferhalewedstriid BoekHjerstBoek, 17 novimber 2023