
De grutste bestseller fan de bekende Britske reisskriuwer Redmond O’Hanlon (1947), In reis nei it hert fan de Kongo, is ferskynd as Frysk e-boek. Martsje de Jong hat de oersetting makke. De útjefte is in inisjatyf fan Peter Boersma en Anne Popkema, dy’t foar soksoarte projekten Boekburo Fier oprjochte ha. De download is fergees, om safolle minsken mooglik de kâns te jaan om ris in Frysk e-boek lêzen te kinnen.
De oanlieding foar dizze unike útjefte wie dat neffens de makkers it Fryske e-boek in kwaliteitsympuls nedich hat. Oant no ta binne de mooglikheden dy’t der binne om digitaal lêzen nei in heger nivo te bringen noch net genôch brûkt, fine Boersma en Popkema. Se ha kontakt socht mei O’Hanlon en yn ’e mande mei de auteur syn privee-argyf trochwurke, op syk nei ûnbekende foto’s, kaarten en foarwerpen – in protte dêrfan hie O’Hanlon mei op syn ferneamde reis nei de Kongo. It e-boek befettet hûnderten ôfbyldings en lit de lêzer tichter as ea op de hûd fan de skriuwer krûpe, as dy oer de donkere rivieren en troch de tichte oerwâlden fan Sintraal Afrika swalket.
Dit projekt is mei mooglik makke troch stipe fan de Provinsje Fryslân, it Feitsma Fûns (Fûûns fwar it Frysk), de Douwe Kalma Stifting, it Jacob Krolfûns (yn behear by it Frysk Akademyfûns) en it Fryslân Fûns, en is fergees te downloaden fia de site fan Utjouwerij Regaad