Lomme Schokker

In fol pak sûpe en in kotter op it strân

logo.ensafh

By amper skodde sûpe is it earste slokje gjin drinken. Hasto it ek murken dat wy tsjintwurdich ekstra war dwaan moatte om in noch fol pak sûpe goed genôch te skodzjen? Om kosten te besparjen hawwe de grutwinkelbedriuwen blykber de suvelpakken in heale sintimeter of sa lytser meitsje litten, want de mingelen sûpe sit oan it rantsje fan it draaidopke ta. Der is gewoanwei net genôch romte om effektyf te skodzjen.
Foar de Oekraïnekrisis wie it in kwestje fan in pear kear sleau hinne-en-werje en klear wie it, no moat ik alle moarns in pak sa’n tsien tellen bar om bar rjochtoerein en ûndersteboppe yngeand op-en-delje om by de earste snjit de krekte konsistinsje te krijen.
No’t ik deroer neitink, kin ik der samar op tidigje oft der yndied presys in mingel sûpe yn it pak sit? By de Koöperaasje moatte se op ’t lêst al op it kantoarpersoniel besunigje om de winstmarzjes foar de leden goed genôch oan te hâlden. No wit ik wol dat foar ûndernimmings hantsjeklappende winstmarzjes hillich binne, mar om de dei te begjinnen en de wrâld wer yn ’e eagen te sjen is foar my persoanlik in bekerfol flink lomige sûpe minstens sa hillich. By wize fan sprekken moat ien fan ús mem har kleurige sûchreidsjes der rjochtop yn stean bliuwe kinne.
Mar ik ha der wat op fûn! Gjin keunst oan: jûns fan te foaren de sûpe te weak sette troch it pak op ’e kop yn ’e doar fan ’e kuolkast te posisjonearjen.

Dan no dy kotter op it strân by Zandvoort (loslutsen troch in kabel út Fryslân, jippy …).
It Haarlems Dagblad hie foarige wike in stelling, dêr’t de lêzer mei in ‘iens’ of ‘ûniens’ op reagearje koe. De stelling wie sa: ‘De oerheid moat de yn Zandvoort strâne skipper te help sjitte.’ Ienensantich prosint fan ’e lêzers wie it hjirmei iens, mei as foarbyld it sitaat: ‘omdat de eigener fan de garnalekotter alle war dien hat it skip flot te lûken. Se binne al faak bestellen. Litte wy yn dizze ûnrêstige tiid wat mear foarinoar soargje.’
Uniens wie njoggenentweintich prosint fan ús goegemeente: ‘Je kinne je oeral foar fersekerje, dus ek foar dit gefal. Net fersekerje is in risiko datst nimst. Dan moatst sels de gefolgen drage en net de mienskip der foar opdraaie litte.’
Tsja, sa op it each binne de argumintaasjes fan beiden kanten falide en dochs leit der in bedragen wrâld fan ferskil tusken. It is ek gauris te sjen yn opstjoerde brieven nei de media, yn reaksjes op it nijs, yn myn petearkes op ’e strjitte: it prinsipe fan eigen skuld dus dikke bult, it faaljekant útfergrutsjen fan in oar syn tekoart, it jesels lekker puh moreel boppe oaren sette, it moarns nei it okselrôljen de flagge yn ’e mêst foar it eigen hillige húske hysjen, it loaie swart-wyt tinken, it as gefundenes Fressen feninich tapassen fan de earste de bêste wenstige rigel om oarstinkenden wer ris maklik op ’e kast te jeien.
Foar alle dúdlikheid, sels bin ik gjin hier better. Yn my is it wolbehagen ek faak fier te sykjen.

Soe it no net wat nofliker wêze as do en ik, wy beide tegearre, wat skrutener bûltsjes eigen rjocht troch ús ferkleure sûchreidsjes de wrâld ynblaze? Hjoed mei wat mear moederaasje, moarn miskien wat faker meifiele en alle dagen wolberet in kromke kompassy toane? Want as it derop oankomt is der ommers gjin keunst oan: earst ús eigen miening op ’e kop hâlde en in skoftke te weak sette, dan wat skodzje en pas dêrnei smûk sûpe en súntsjes swetse?

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *