
De Jongfryske Mienskip hat in podcast-pilot makke wêryn’t wy mei sân gasten prate oer ferskate ûnderwerpen oangeande de Fryske taal, kultuer en identiteit. Wy hoopje dat jimme der in soad harkwille oan belibje. Yn ‘e auto, by de kuier of mei byldskerm derby noflik op ‘e bank: lit it ús witte fia de sosjals mei it stekje: #JFMpodcast.
Yn dizze (foarearst) lêste ôflevering is Willem Schoorstra te gast. Súksesfol Frysk skriuwer, winner fan ferskate literatuer- en poezyprizen en bekend fan ûnder oaren de boeken Erfskip, Rêdbâd en Swarte Ingels.
Lês en sjoch fierder by de Jongfryske Mienskip