
Al salang’t it my heucht wurdt my ferteld dat it Frysk ferdwynt as wy der net goed op passe.
Ik wie noch mar sa’n famke doe’t ús heit my der al op wiisde dat ik Frysk prate moast tsjin Nederlânsk pratende boarters. Of tsjin myn playmobilpopkes en plestik soldaatsjes. Hy woe mar net fan my oannimme dat it yn it Frysk foar gjin meter boartsje woe; dy popkes praten allegear Nederlânsk. Cowboy’tsje en Yndiaantsje boartsje – soks soe no net iens mear meie, trouwens – slagge ek net yn ús memmetaal, sels net as alle dielnimmers oan dit populêre tiidferdriuw thús ek Frysk praten. Wy koene dan net yn ús rol komme as wie it ek noch sa.
Ut de boekekroade krige ik Fryske berneboeken, heit lies foar út De Teltsjebeam fan Diet Huber en op skoalle krigen wy wûnderwol ek Fryske lesbrieven by bygelyks de skiednisles. Net nuver dus dat dy taal my ek yn it lêzen en skriuwen och sa nei waard. Letter begûn ik my ek te ynteressearjen foar literatuer en de taal op himsels. Doe fûn ik út dat der al striden wurdt foar it Frysk sûnt it fiifhûndert jier lyn as bestjoerstaal ferballe waard en dy striid giet yn fûlere en minder fûle weagen noch altyd troch.
In pear kear jiers ferskynt der in ferûntrêstend berjocht yn de media: it Frysk ferdwynt. Der is gjin selsstannige stúdzje Frysk mear, dêrmei wurde gjin kundige Frisisten mear oplaat, ferdwynt de kwaliteit by de dosinten oan de PABU en de middelbere skoallen en dêrmei ek oan de legere skoallen. Sa liket it Frysk as skreaune taal alhiel te ferdwinen en dan sil it noch in hûndert jier sprutsen wurde, mar dan is it dien. Tinke de swarttinkers.
Ik wie ek in swarttinker. Bin it stikem noch wol in bytsje. Want it feroarjen fan de taal docht my betiden sear oan ’e earen. Man, ik mei sa min oer dy omdraaide tiidwurden fan de jongere generaasje – en dêr beflap ik dan sa rûchwei elk ûnder de 40 ûnder. Al dy Nederlânske wurdsjes deryn binne my ek in ôfgriis. Om fan Ingelskfersmoarging mar net te praten. Ik kin wol skite en spuie tagelyk fan kids, sale, nice en hugs. Net botte satisfying om sa mar te sizzen. Ik wie sels benaud dat it Frysk allinnich noch oerlibje koe as Arno Brok de taal heechstpersoanlik alhiel ferbiede soe. Mar stadich mar wis krij ik it idee dat wy it tij noch keare kinne. De Keninklike Nederlânske Akademy foar Wittenskippen (KNAW) hat in pittich advysrapport skreaun dêr’t yn oanjûn wurdt dat der yn Grins as de soademiter wer in heechlearaar Frysk oansteld wurde moat en de stúdzje Frysk wer in selsstannige stúdzje wurde moat. Dêr’t Goffe Jensma jierren oanien stomprûn op ûnwillige bestjoerders dy’t mei begearige eagen longeren op bûtenlânske studinten foar Ingelsktalige stúdzjes en dy’t dêrom it Frysk as net-lukrative stúdzjerjochting sa gau mooglik slite woene, dêr fûn dit rapport syn paad nei alle grutte media en ek nei de Haachske burelen. Dêr sit tsjintwurdich ús eigen Aant Jelle Soepboer en lit dy no krekt ûnderwiis yn de portefuille krigen hawwe. Hoewol’t hy fansels gjin izer mei hannen brekke kin, wit er donderske goed wát er wol en hoe’t er it wol en is er as in murdehûn sa fûl en fêsthâldend. Hup Aant Jelle.
Oant dy tiid moatte taalkundigen en kompjûternerds de koppen byinoar stekke en derfoar soargje dat TsjetGPT, GûchelOerset en KY sadanich ynstruearre wurde dat alle kommunikaasjeskermen yn ’e provinsje yn it foarste plak Frysktalich binne en bygelyks soarchrobots – al mei ik hoopje dat dy kringen oant yn der ivichheid gjin goeguod wurde – ek Frysk prate. As wy, stege en drege oanhâlders, dan no en dan justjes meiweagje wolle mei de net tsjin te hâlden taalferoaring, mar dat krekt sjen kinne as in bewiis fan it feit dat ek jongerein de taal noch altyd aktyf brûkt, dan moat der wol takomst wêze. Ommers, as der fiifhûndert jier nei it earste opsichtich ferkwânseljen fan ús taal noch altyd sa fûleinich foar striden wurdt, dan moat it dochs in kear goed komme? En as it Aant Jelle net slagget, dan kinne wy de provinsje altyd noch losstekke fan Sâltkamp nei Appelskea, Steggerda, Rutten, It Reaklif en nei Koarnwertersân. Dat hantsjefol Stellingwarvers nimme wy der dan mar op ta. In bytsje fariaasje kin gjin kwea.
Ik wit it einliks net … Fanút Alkmaar kamen we (berne yn Akkrum en Grou) werom yn it Heitelân … yn Harns. Frysk hoegde dus net. Mar ús bern fersteane en prate muoiteleas Frysk mei harren Fryske femylje.
En … yn Harns wurdt opmerklik folle Frysk sprutsen, merkber mear as doe’t wy der yn 1973 bedarren.
Wat ik wol wit, hâld it ûntspand, al te puristysk skrikt ôf!