
Thús’, dat is it tema fan de kommende wike fan de poëzy.“In hûs yn in gedicht is mear as inkeld bakstiennen”, seit it parseberjocht fan Poetry International oer de poëzywike dy’t tongersdei begjint. “Dichters bouwe huzen dy’t besteane út oantinkens, roken, kleuren.”
Thús hoecht net in hûs te wêzen, net iens in plak. Do kinst thús wêze yn in dream, in idee, in melody. Do kinst thús wêze yn de taal sels. Kinst thús wêze yn de poëzy. Soms slachst in bondel iepen en fielst dy hielendal wolkom. In gedicht docht de earms om dy hinne … no, sa kin it trouwens ek wol wer!
Lês fierder by It Nijs