Jelma Knol

Jacobus Quiryn Smink (31 jannewaris 1954 – 27 jannewaris 2024)

logo.ensafh

Krekt foar syn santichste jierdei ferstoar Jacobus Quiryn Smink, dichter, heit, oersetter en dosint. De lêste twa jierren wenne er net mear yn Eindhoven, dêr’t er jierrenlang foar de klasse stie, mar yn Sondel, yn in sjalet op it hiem fan syn leave suster Tiertsje.
 
Sondel die him goed: it wie in nije start yn syn libben en hy hie in soad ballêst fan him ôfsmiten. It wie krekt as krige Kobus in gruttere mentale romte. Hy koe wer frij en iepen oer himsels prate, hoegdest net mear te tinken: wat is no wier fan syn ferhalen of net? Nim no dy Q fan Quiryn yn syn namme. Dat soe neffens him in namme út syn famyljeskiednis wêze. Oh ja? Tochten wy dan. Mar dat wie tagelyk ek de sjarme fan Kobus. Wat wie no wier en wat net? Soms siet der in tragyske kant oan syn ferhalen. Hy fertelde yn triennen oan de ein fan in redaksjegearkomste fan HJIR oer syn broerke dy’t foar it âldershûs deariden wie. Jierren letter lei de matte mei wat fan syn bestjurre bloed derop noch yn de skuorre. Mar dat is it ferhaal fan de Noard-Ierske dichter Seamus Heaney, tocht ik doe. Is dit wol wier Kobus? It wie wol wier, it gyng oer de lytse Willem Smink, mar dat wisten wy doe noch net.
 
Sûnder te psychologisearjen, dat is myn terrein ek net, doar ik wol te sizzen dat gedichten in boarne hawwe. Soms stie dy boarne by Kobus skoftenlang drûch, en dan kaam der ynienen in enoarme stream opbuorreljen. Syn poëzy wie assosjatyf, springerich. Mar der waard geweldich op omarbeide. Om yn Eindhoven syn taalark skerp te hâlden, sette er it iene masterwurk nei it oare yn it Frysk oer. Hy hie nei syn deistige wurk en drokke húshâlding faak pas nei twa oere nachts it ryk foar him allinne. Dan siet er te dichtsjen, mei Bob Dylan op de achtergrûn.
 
Ien fan syn moaiste gedichten is foar my AKWATRYN út de bondel Apàrte fersen út 1983. Oer de betsjutting fan de titel fan dit gedicht kinst allinne al in oere prate. Neist a kwatryn komt aquatryn fansels nei foaren, mar foar my (miskien te assosjatyf) ek wol: in kweade Tryn. It is opdroegen oan syn earste frou.
 
De rivier rin ik del, do de oare kant
In roppen is soms tusken ús
En streamen ek, in koelte it wetter oer
As loeken wy in skip, as soene wy in brêge slaan.
 
Neist syn bern en pakesizzers wie syn dichtwurk it belangrykste foar Kobus.
As achttjinjierrige studint publisearre er syn earste gedichten yn it tydskrift Hjir, de foargonger fan Ensafh. Fan 1978 ôf hat er mei útsûndering fan de perioade 1986-1991, yn de redaksje fan Hjir en letter Ensafh sitten. Hy kaam út Eindhoven wei trou nei de redaksjegearkomsten. Hy hie hert foar de Fryske literatuer en Hjir en Ensafh wiene dêrby syn anker. Ein 2020 kaam yn ferbân mei syn sûnens in ein oan syn redaksjelidmaatskip fan Ensafh.
 
Kobus hâlde fan it libben, is folle langer by ús bleaun mei syn swakke longen as ek mar ien tinke koe. De lêste twa jier fûn er treast yn it kristlik leauwe. Hij is verlost, God heeft hem welgedaan (psalm 116).
 

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *