Skermer

Byldskerm

logo.ensafh

Ik sit foar myn skerm en ha it tekstferwurkingsprogramma wp12 iepene. De letterynstelling is Times New Roman, 12 punts. Dy letter, yn dy grutte, soarget foar in rêstich en dúdlik byld. Oan wjerskanten fan it wite tekstflak binne de rânen donkergriis.
Yn myn wurkkeamer is it ljocht oan, yn ’e wenkeamer dêr’t ik troch de iepen doar útsjoch op ha, brânt gjin ljocht. It is dêr skimerich, troch de ruten sjoch ik de donkergrize loft, it is goed seis oere.
Ik sko in cd yn ’e kompjûter mei ein sechtjinde- en begjin santjinde-ieuske geastlike muzyk, dy’t ik keazen ha om it prachtige sjongen en om ’e rêst dy’t der fan útgiet.
De kompjûter freget oft ik de cd ôfspylje wol. Ik druk op OK. It skerm mei yn it rjochter flak ûnderinoar: nûmer 1, nûmer 2 ensfh. ferskynt en út ’e djipte fan it donkere mear as twa kear sa grutte linkerflak komt in stjerfoarmich donkergriis patroan nei foaren en tagelyk begjint ek de muzyk: it ‘Adoramus te, Christi’ fan Giovanni Maria Nanino.
De stjerfoarm foar in donkere achtergrûn hat yn ’e midden in iepening, in swart gat mei banen der dwars oerhinne. Ut ’e râne fan dat swarte gat komme griiswite stippen as flokken op, dy’t fluch har paad fine oer de punten fan ’e stjer en dêr wer weiwurde. Om it middelpunt fan ’e stjer draaie oan ’e ein ombûgde linen, it lykje guirlandes. De kleur fan ’e stjerpunten feroaret hieltyd, de kleur fan ’e snie ek, ek dy fan ’e achtergrûn, soms krije de omtrekken fan ’e stjer wat mear aksint, soms foarmje har yn ’e snieflakken figueren. De om it middelpunt draaiende guirlande-achtige linen feroarje ek hieltyd fan foarm en kleur, it swarte gat ek. Mar it grûnpatroan, de stjer, bliuwt en it snijen út ’e râne fan it ‘swarte’ gat wei ek. Troch dat snijen oer de oarskleurige stjerpunten hinne lykje dy gauris op flammen, liket de stjer in flamjende sinne.
Ik lit it byld en de muzyk it hiele earste nûmer troch baas oer my wêze, klik it byld dan oan kant foar it wp-skerm en typ it harmoniearjende wurd ‘byldskerm’ yn.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *