
De imazjinêre iisberch
De iisberch wie ús leaver as it skip,
al hold it ek de ein yn fan de reis.
Al stie er ek stokstiif as wolkich stien
en wie de hiele see bewegend moarmer.
De iisberch wie ús leaver as it skip;
dit amjend snieflak wie ús wol sa leaf,
al leinen fan it skip de seilen op de see
lykas de snie ûnoplost op it wetter leit.
Besefsto, plechtich, driuwend fjild,
dat der in iisberch by dy rêst dy’t as er wekker is
faaks weitsje sil op dyn besnijde wyldernis?
Lês fierder by oersetter Klaas van der Hoek