
Ik siet al in moai skoft op in plakje oan in lange tafel te wachtsjen oant myn namme neamd wurde soe. De stuollen yn ’e wachtromte wiene hast allegearre beset en der siet noch net in soad ferrin yn. Mar in pear plakken wiene noch frij. Ik wie moai op ’e tiid fan hûs gongen, want de foarige kear dat ik hjirhinne moast hie ik mear as de heale rûte efter in ûnbidige trekker mei fan dy ûnhuer brede luchtbannen oansukkele; ik koe dêr mei gjin mooglikheid omhinne komme. De trekkersjauffeur fielde him blykber de ‘king of the road’ want hy wie net fan doel om ek mar in heale meter yn te skikken. Faaks hie er my hielendal net yn ’e gaten hân. Ik kaam doe eins te let op de ôfspraak mar ek dat kear rûn it flink út op de ôfdieling, dat gjinien hie der lêst fan hân, útsein iksels.
Ik hie my mear as in kertier earder, by it ynkommen, kreas oanmelden mei de al earder tastjoerde QR-koade by de yntsjekpylder, mar moast my likegoed ek noch wer by de baly opjaan, sa kommandearre it skerm. Dat moast yndied, sei de assistinte oan ’e oare kant fan de baly, om’t ik ek foar in gehoartest kaam. Ik soe wol oproppen wurde, glimke se freonlik.
Op ’e gong dy’t by de wachtromte del rûn, wie it kommen en gean fan sikehûspersoniel. Minsken yn wite jassen dy’t grutte rolkonteners triuwden, minsken mei tsjokke mappen ûnder de earm en út en troch waard der dan dochs in namme roppen en koe der immen út ’e wachtromte meikomme nei ien fan ’e sprekromten.
Efteryn ’e wachtromte sieten in frou fan yn ’e fjirtich, in man dy’t nochal wat âlder oandie en in jong famke yn ’e puberjierren frijwat lûdop mei-inoar te praten. It gong ûnder oare oer ferhúzjen, hynders of hamsters, fakânsjes en al of net in baantsje by de Aldi en folle net genôch. Hja wiene it lang net mei-inoar iens, dat it omsittend laach koe moai meigenietsje fan de ferskate redenaasjes. De heit fûn de Aldi mar neat foar har; hufterige klanten, grif nuvere wurktiden, minne produkten, rommelige winkels, fierstente fier út ’e buert en it waard nei alle gedachten ek lang net goed genôch betelle. Se koe it folle better mar by de Jumbo of de Plus besykje… De dochter en de mem gongen der fûl tsjinyn, dat it folume gong betiden de algemien akseptabele lûdsnoarmen fier te boppe. De oare minsken yn ’e wachtromte seagen sa no en dan ek ferheard de kant fan ’e hakketakkers op. No, lang net allegearre, want we sieten op dat stuit yn ’e wachtromte fan de ôfdieling KNO fan it sikehûs, en in stikmannich fan ’e wachtsjenden hie grif lêst fan ’e earen. Of hja wiene sa oan ’e telefoan fêstplakt dat it trelit har folslein ûntgie.
Tsjinoer my, oan ’e oare kant fan ’e tafel, wiene noch twa stuollen net beset. In man en in frou kamen de romte yn, hja ynformearren oft dy plakken noch frij wiene en doe’t ik sei dat dat yndied it gefal wie, gongen hja dêr sitten. Mei de jassen noch oan, wylst it knap waarm wie yn ’e drokbesette romte. De fraach nei de stuollen wie it iennichste dat ik fan dy twa hearre soe, se diene der fierder it swijen ta. Tsjininoar seine se ek gjin stom wurd. Se dûkten fuort yn ’e telefoan. De man hie in frijwat skeinde holle. In blau wang, in pear fikse skrammen en in flink opset rjochtereach. Neffens my siet dat each sa ticht, dat er dêr absolút neat mei sjen koe. Ik tocht noch, bisto hjir wol op de krekte ôfdieling, moatst net by de eachpoly (rûte 16) wêze? Mar fansels koe er likegoed wol wat oan ’e earen ha. Of de kiel. Of de noas, al seach dy der fan bûten dan krekt wer wol frij normaal út. En wêr soe ik my ek mei bemuoie?
Ik siet der op syn minst al in healoere doe’t in gastfrou fan it sikehûs frege oft ik tee of kofje ha woe. Wat in ferrassing! Ik hie dat noch net earder meimakke. Ik hie wol sin oan in kopke tee. No, dat waard in kartonnen bekerke, want dy froulju geane fansels net nei sa’n rûntsje troch it sikehûs ek nochris kopkes en pantsjes stean ôf te waskjen. Mar it smakke my bêst.
Ik hie noch mar krekt ien slokje hân, it wie knap glandich, doe’t deselde suster fan ’e gehoartest achter de baly weikaam om my te sizzen dat it by ‘myn’ dokter allegear wat útrûn. Dat koest wol sizze, ja. Dat hie ik wilens al troch… mar tankjewol foar de meidieling!
In skoft letter, it bekerke wie noch mar krekt leech, kaam der in oare dame yn in wite jas by my om te freegjen oft ik meikomme woe foar de gehoartest. Sjoch… der kaam dochs beweging yn!
Yn in lyts keammerke krige ik in koptelefoan op en letter noch in wat oar model en ik moast in knopke yndrukke sadree’t ik in pypke of bromtoan hearde. Dat levere dan in audiogram op dêr’t de KNO-arts oan sjen koe hoe’t it mei de earen stie. Noch gjin tsien minuten letter siet ik wer op myn âlde plakje yn ’e wachtromte.
De bekfjochtsjende húshâlding siet der noch te redendielen en ek it stel fan it tichte each siet noch stil teplak op ’e telefoan te dikerjen. En fierder wie der ek net folle feroare like my sa ta. Myn lege bekerke stie der ek noch. Ik reage even om yn ’e bulte tydskriften op tafel. Libelles, Margrieten en Noorderland of Landlevens, dêr wol ik ôf wêze, mar it wiene allegearre eksimplaren fan op syn minst twa jier werom, âld nijs dus. Dêr hie ik gjin ferlet fan. En in krante fan hjoed lei der ek net. Eins woe ik net krekt as hast alle oaren yn ’e romte yn myn telefoan dûke, mar ik soe ’m hast út ’e bûse krije doe’t de dokter sels my heljen kaam.
Yn ’e sprekkeamer frege hja hoe it no wie mei it gehoar. Ik die it ferhaal fan wêrom’t ik hjir siet út ’e doeken, mar dat hie se eins ek al lêzen yn myn dossier. It gong no wol wer goed nei de fikse earûntstekking fan in skoft werom en de bylûden dy’t dêrby hearden wiene ek alwer ôfsakke, gelokkich. Hja hat de boel fan bûten en fan binnen goed neisjoen hjir en dêr wat rommel útsûgere en dat wie it dan. It seach der eins wol hiel rêstich út ornearre se. En út it audiogram die bliken dat der eins neat feroare wie; it gehoar wie net better, mar ek net minder wurden as in pear jier tebek. No, dat idee hie iksels ek al. As der wer wat wie mei de earen koe ik fuort oan ’e belle lûke en der hoegde net earst in ferwizing fan ’e húsdokter te kommen. Sjoch dat koe helpe!
Ik betanke de dokter en koe wer op hûs oan nei’t ik in moai bedrach oan parkearjild ôfrekkene hie by de automaat. De middei wie fierhinne om. Ik hoegde net folle mear út te finen. Fierderop begûn it al aardich te skimerjen…