Anne Feddema

Kuierke yn myn byldzjend wurk

logo.ensafh

Der giet fansels neat boppe in kuiertocht yn ’e frije natoer mar sa no en dan moatte je ek ris in oare kant út om nije yndrukken op te dwaan. Ik nûgje jimme dêrom ek graach út om tegearre mei my in kuierke troch myn byldzjend wurk te meitsjen. We rinne no nei it grutte Potleadbosk. Sykje mar in gaadlik potlead út, HB, B … jo binne in sêft minske? 6B, 8B sels? Toe mar, it kin allegear, wy dogge net moeilik hear. Op nei de Berch fan papier. Sykje mar in fel út. Sa binne we al in hiel ein op streek freonen, of soene wy dat wêze kinne? Wy moatte byldzjend tinken bliuwe fansels. Oh ja, it Stikje Gomstrewelte net ferjitte. Pak mar… En fansels … it Kwastewâld yn.
No noch efkes nei de See fan Kleur, no ja efkes, je kinne dêr mei it grutste gemak fersûpe, dus tink derom, net te dryst.
Hawwe we alles wat we brûke moatte? Sjoch goed om jimme hinne, en omheech, wat hawwe we noch net? In stik realiteit, of wat dêr dan foar trochgean moat, as helpmiddel, is nea wei.
Loft en in fûgel bygelyks en in pear tûken … No kinne we faasje meitsje minsken, de gong deryn.
Yn myn giga rêchsek haw ik noch in grut ferskaat oan allerhanne saken dy’t ik brûk foar myn deistich byldzjend kuierke. Mallen en patroanen dêr’t de wrâld stilearre yn werom te finen is, tige gaadlik foar myn wurkwize. Kroljende blêd en blommotiven, stippen en streken en no mar tamponnearje … Ik gean as in hûn te kear en bepaal myn territoarium. Ik nim de romte fan it papier of karton yn, it is oarloch. De sydkanten wurde sa in kreas ritmysk lystje.
En dan kuierje ik mar raak binnen dizze beheining, mear mei Monteverdi neist my as mei de kanon ferneamde skilders. Dan komt der fan lofts in fûgel binnen dy’t rjochting in fûgel fljocht dy’t op in tûke fan in beam sit en loftsûnder rint in mantsje mei pet dy’t, yn ferwûndering, omheech sjocht. Dat bin ik, mar jimme binne it ek … just jimme. It wurk is foar elkenien, útnûgjend, ynklusyf, slút nimmen bûten. In wrâld, tagelyk binnen en bûten, de striid hat al west. Foar jimme, goede, kuierjende meireizgers sil it yn myn wurk frede wêze.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *