
It is miskien wol aardich om ris te sjen nei de ferskillen tusken Portugal en De Nederlannen.
It meast yn it each rinnend fansels is it klimaat, al hat dat ek syn útfallen. De ôfrûne hjerst bygelyks hawwe lân- en túnbou yn it noarden en de midden fan it lân al hiel wat skea oprûn troch heil- en reinstoarmen, mei oerstreamingen en witwat allegearre.
Sokke utersten bliuwe ús, yn dizze herne fan ’e Baixo Alentejo, deun tsjin it Spaanske Andalûzië oan, yn ’t generaal besparre.
Lês fierder by It Nijs