
De wyn skuorde sa út en troch fûl oan it stjoer. Wy rieden yn it roetsjuster oer de lange dyk mei oan wjerskanten wetter. De weagen oan ’e rjochterkant moasten wol wite krunen ha. Ek foar, efter, boppe en ûnder ús wie wetter. De streken op ’e dyk wiene hast net te sjen.Doe ’t ik in wat trage frachtwein foarby woe waard it hielendal nuodlik, it wie in kwestje fan ‘lok wat jouste’ en hâld it stjoer rjocht. Op ’e foarrút kletste in onhuere bats wetter dy’t de rutewiskers net goed oankoene. Oerlevere oan it momint, even gjin sizzenskip oer wat der barde. Yn ’e auto wie it lykwols bêst te dwaan, de kachel smout oan, moaie muzyk op ’e radio. Amper tsjinlizzers mei ljochten dy’t ferblynje koene. In moaie dei mei dy efter de rêch yn A. Net lang mear ear’t wy wer thús wêze soene; troch it foarrút blikkeren al de ljochten fan ’e fêste wâl. Yn in flits skeat it troch my hinne; wat no as it hjir mis gean soe, in wynpûst, in stjoerfout, yn ’e slip ûnder sa’n frachtwein … It soe de earste kear net wêze op dizze dyk. Ik seach de blauwe swaailjochten al oankommen en hearde de jankende sirenes. It wie mar in tel, it benearjende byld ferdwûn like hurd as it opkommen wie. Ferromme sykhelle ik in pear kear djip. Warskôge en op myn iepenst ried ik fierder. Wy kinne inoar ommers hielendal net misse …