Dy fraachtekens wienen yn myn byld emoji’s.
Faaks in teken?????????
Dus, dû wolst skriuwer wurde? (in skriuwer wêze?)
As it net út dy barst, net-tjsjinsteande alles, … doch it net.
Of it moat wêze dat it sûnder te freegjen út dyn hert / út dyn geast / út dyn mûle
… en út dyn bealch komt … doch it oars net.
Astû oeren en oeren nei dyn byldskerm sitte moast te stoarjen
of oer dyn typemasine hingest / sykjend nei wurden … doch it net.
Astû it foar it jild of de rom dochst … doch it net.
As’t it dochst omdatstû mânlju of froulju yn dyn bêd ha wolst … doch it net.
Astû dêr sitst en dû moast it op’e nij en op’e nij en op’e nij skriuwe … doch it net.
As it dreech is om der allinnich mar oer nei te tinken om it te dwaan … doch it net.
Astû besikest krekt lykas immen oars te skriuwen … ferjit it mar … doch it net.
Astû wachtsje moast dat it út dy daveret / wachtsje dan geduldich.
As it nea út dy daveret … doch wat oars.
Astû it earst foarlêze moast oan dyn frou / of dyn freondinne / of dyn freon /
of dyn heit & mem / of wa dan ek … dû bist der net klear foar.
En … wurd net lykas safolle skriuwers / wurd net lykas safolle (al dy) tûzenen minsken dy’t har sels skriuwers neame.
Wurd net ferfeelsum en gean net oer Dokkum nei Ljouwert en wurd net bluisterich / wurd net
opfretten troch eigenleafde.
De bibleteken fan dizze wrâld hawwe har sels yn’e sliep gappe fanwegen dyn soarte /
heakje net oan … doch it net.
Dû bist der net klear foar.
Of it moat wêze dat it lykas in raket út dyn siele sjit.
Of it moat wêze dat stilhâlde dy ta sljochtsinnigens / of selsmoard / of moard driuwt … doch
it oars net.
Of it moat wêze dat de sinne fan binnen dyn bealch ferbaarnd … doch it oars net.
Wannear’t it wier tiid is / wannear’t de tiid wier kaam is / en astû keazen bist /
sil it út himsels barre / en sil it oan’t dyn dea barren bliuwe …
of … it sjert yn dy.
so you want to be a writer? … wol …
neeeee ????

Der is gjin oare wei … en dy hat der nea west!
hjir boppe is foar Edwin … go go go!