
Moarns as ik yn ’e wenkeamer kom goai ik de radio der wol gauris op en dat is dan altiten deselde stjoerder: Radio 4. Sa hjit it dus ûndertusken net mear, it is al in aardich skoft: NPO Klassiek.
In klassike stjoerder alsa, mei klassike muzyk dus … No, ferjit it mar moai.
Sa no en dan is it gewoanwei in ferskrikking om der nei te harkjen. It is sa stadichoan in bibelske besiking wurden. Noch los fan al it geëamel en wiidweidigens fan ’e kwasy kulturele petearen mei konservatoaren fan musea oer útstallingen, oer boeken dy’t je lêze moatte en gewoane ynfotainment is de muzyk sels, yn alle gefallen moarns, ek op in djiptepunt bedarre. Op dit stuit koarret de stjoerder der hast allinne mar popy filmmuzyk út, want der komt wer in audio blockbuster top 2 of 3 of folje mar yn hoefolle hûndert wike oan. En no soene jo tinke, ach man, ien kear yn it jier … Feddema, hoe slim kin dat no wêze? Mar dat is it him no krekt. Moarns yn it programma ‘De ochtend’ is it it hiele jier rûn al filmfeestmuzyk. Wit hoe faak komt it tema út Indiana Jones. E.T., of soks foarby. John Williams is werklik in komponisteheld by NPO Klassiek. Ik fyn it de grutste gaudief dy’t der te finen is. Mar syn muzyk foar Jaws dan? Dat tema fan ’e grutte wite haai? Wa’t ien kear de Sacre du Printemps fan Stravinsky goed binnen komme lit, wit fuort hoe’t it sit: rôvje en stelle mefrou, menear. Aaron Copland, Vaughan Williams, nimmen is feilich foar de hjoeddeistige Händel, dy’t dan wol wer hiel goed liene (stelle) koe. ‘It swyn die der neat mei,’ andere ús Händel as ien tsjin him sei dat guon stikken muzyk fan him wol hiel bekend yn ’e earen klonken. Aldergeloks haw ik Spotify, dus op it stuit dat ik dit skriuw harkje ik nei de komplete Vivaldi: alle fioelsonates ensfh. Miskien, hiel miskien, letter op ’e middei in skoftke NPO Klassiek. Podium mei Hans Haffmans. As dy filmmuzyk foarby komme lit is it faaks Ennio Morricone of Nino Rota of in Tristan Keuris. Otto Ketting, miskien. Ik begjin myn eigen top tich … Wat foar de Omrop?
Ja, dat gepraat fan al dejingen dy’t harren sels sa belangryk fine, dêr krije je wolris in puntholle fan!