Gabriëlle Terpstra

Wurd för Wurd: Yn petear mei Joël Hut

logo.ensafh

Joël Hut presintearre ôfrûne simmer syn twadde bondel wurd för wurd för wurd yn kafee De Gouden Leeuw. Om it ris goed oer dy bondel te hawwen, tref ik him hjoed wer yn dit kafee.

Joël Hut, dy’t eins Joël Huitema hjit, mar de namme fan syn freondin oannaam as skriuwersnamme, waard berne yn Sint Nyk, syn âlden komme út Gaasterlân. Hy is opgroeid mei it Súdwesthoeksk, de taal dêr’t er ek yn skriuwt.

Op syn fyftjinde krige Joël te meitsjen mei mentale problemen, by syn herstel dêrfan gong er op ’e syk nei in hobby sadat er rêst en ûntspanning ynbouwe koe yn syn libben.
Op it gymnasium yn Ljouwert, dêr’t er op dat stuit nei skoalle gong, kaam er yn ’e kunde mei de klassike auteurs. Dat spruts him bot oan en hy besocht sels ek te skriuwen yn it ritme en de kadâns fan dy poëzy.

Foto: Line Hut

Dat skriuwen die er yn it Nederlânsk en letter ek yn it Frysk, mar al ridlik gau yn it Súdwesthoeksk. ‘Ik tocht, ik ken it ik sa opskrûwe as hoet ik it útsprek.’ Der waarden in oantal fan syn Súdwesthoekske gedichten yn Ensafh pleatst.

Ofrûne simmer makke Joël syn premaster Applied Linguistics ôf, mei de master is er noch dwaande. Op it stuit wurket er by in fersekerder. ‘It liket mij för de takomst leuk om de baan dyt ik no he te hâlden en dernêst in diel fan e wike self yn te richten, wat dwan mei taalkunde. Ik sit te sjen at ik in kursus Gasterlâns jaan ken.’

Ek kaam yn Koroanatiid Joël syn earste bondel út, börtersgrut, dy’t er útjoech yn eigen behear. In útjouwer koe er der op dat stuit net echt foar fine, dus besleat er om de bondel sels út te jaan. ‘At ik m opstjoerde wiest steeds in paar mönen fjirder, en hij wie wol in kear ouwezen, ik woe it wol yn eigen behear dwan, ik wie wat ûngeduldich.’ Mar hy is noch altyd tige grutsk op de bondel, dy’t opdield is yn trije skiften dy’t allegearre in eigen toan hawwe.

Foto: Gabriëlle Terpstra

Mei syn twadde bondel is it wat oars. Wurd för wurd för wurd waard útjûn en foarmjûn troch útjouwerij Hispel. Dizze bondel ferskynde trije jier nei börtersgrut. De gedichten binne neffens Joël better te begripen. ‘Ik bin groeid yn it feit dat myn gedichten minder kryptys binne en better te begripen.’ Dizze bondel is ek wer opdield yn trije skiften.

Oan dij, gedichten rjochte oan syn ferloofde Line, dy’t ek meilêzen en holpen hat mei it kiezen fan gedichten. För it skrûwen, dat giet oer taal en skriuwen en as lêste Tsjin oaren, dêr’t Joël it yn tsjin oare minsken hat yn syn fersen.

Oerstiigjend giet it allegear oer taal. ‘Ik krij faak werom dat ik oan it puzeljen bin, dêrtroch is it faak wat minder persoanlik, dat is in wize fan skrûwen. Troch puzeljen is it persoanlike in bytsje loslitten, ik brúk it ritme fan taal om it gefoel in kader te jaan. Mar yn dizze bundel fulle it persoanlike en it puzeljen elkoar oan.’

Foto: Line Hut

It kryptyske bliuwt yn dizze bondel noch altyd bestean, de poëzy fan Joël befettet meardere lagen. De earste bondel wie weromblikkend in bytsje te mysterieus. ‘Ik fyn dat ik de planke misslaan as ik sjuch dat it bij ginien oerkomt.’ In tagonklikere bondel dus, mar mei alle lagen dy’t wy fan Joël wend binne. Syn eigen favoryt is it gedicht kauje, dat begjint mei de prachtige sin: ‘ik kauje t laust op lange klanken / tot de angst derou / knapt en it op de tonge oplost’.

 

 

1 reaksjes op “Wurd för Wurd: Yn petear mei Joël Hut

  1. …moai stik oer in jonge keunstner skreaun troch in jonge keunstneresse…mear fan soks!

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *