Aginda 31-03-2024: Elmar Kuiper lêst foar út Frysktalich nij wurk

logo.ensafh

Elmar Kuiper lêst op 31 maart 2024 yn Jorwert foar út nij Frysktalich eigen wurk. Dêrneist wurde der trije koarte Frysktalige Poëzyfilms fertoand, mei Nederlânsktalige ûndertiteling.

Still út Minskewolf

Minskewolf is it twadde diel yn de rige byldfertellingen Rûzje Wyn (Fluister Wind), dy’t regisseur Ester Eva Damen makke tegearre mei Fryske dichters Tsead Bruinja, Nynke Laverman en Elmar Kuiper, hieltyd om in Frysk gedicht hinne.
In part fan har jeugd wenne Ester Eva yn Fryslân. Se kearde werom mei de kamera om oansluting te sykjen by in tiid dy’t se yn har libben apart set hie. It hearren fan de Fryske taal brocht har by fergetten gefoelens.

Minskewolf is makke yn gearwurking mei skriuwer, keunstner en muzikant Elmar Kuiper. Hy wurke jierrenlang yn in psychiatryske ynstelling. Gedichten fan Elmar oer syn perioade dêr brochten harren tegearre mei twatalich akteur Rienk Nicolai ta de foarstelling en film Minskewolf.

Still út Minskewolf

Yn it foarút kin der gebrûk makke wurde fan in Peaskebrunch yn Het Wapen van Baarderadeel.

Redbadtsjerke, Jorwert
31 maart, 15.00 oere

Peaskebrunch
Het Wapen van Baarderadeel
31 maart, 12.30 oere, €16,50
Opjefte: Info@wapenvanbaarderadeel.nl

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *