Aginda 19-03-2024: Literatuer en rou, temajûn yn de Boekewike

logo.ensafh

Literatuer is fan grutte betsjutting by rou. It lêzen fan boeken en gedichten oer ferlies en fertriet kin treast biede. Ta gelegenheid fan de lanlike Boekewike organisearret Tresoar in jûn oer dit tema, yn oparbeidzjen mei Omrop Fryslân. Oanlieding is de FryslânDOK Winterzwanen. Twa Fryske skriuwers, Nynke Sietsma en Sytse Jansma, fertelle dêryn oer de krêft fan it skriuwen yn tiden fan rou. Sy binne te gast op tiisdei 19 maart yn Kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar. Elkenien is fan herte wolkom!

Sjoernaliste Nynke Sietsma (1980) ferlear har soantsje Berend oan in slimme sykte, hy wie noch mar krekt fjouwer jier. Se skreau dêroer it boek B. Een memoir. Dichter Sytse Jansma (1980) beskriuwt yn de dichtbondel Rozige maanvissen syn rouproses nei de dea fan syn freondinne, dy’t stoar oan in harsenblieding.

Sjoch foar mear ynformaasje by Tresoar

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *