Aginda 18-04-2024: Lettertreffen

logo.ensafh

Op tongersdei 18 april organisearret Ljouwert UNESCO City of Literature de twadde edysje fan Lettertreffen, in gearkomste foar de literêre sektor yn Fryslân. Wy prate dy middei mei útjouwers, biblioteken, boekhannels, literêre tydskriften, skriuwers en stypjende organisaasjes graach by oer ús plannen en litte sprekkers oan it wurd oer sichtberens en gearwurking. Nei in plenêr part kinst yn dielsesjes trochprate. En fansels is der by in ôfslutende buorrel (noch mear) tiid om inoar te sprekken en moetsjen.

Sjoch foar mear ynformaasje en ynskriuwing by Ljouwertcityofliterature

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *