Piter Boersma

Foaropwurd 110

logo.ensafh

Foaropwurd 110

fan freed 29 febrewaris 2008

In nije maaitiid, in nije Farsk.

Mei nije poëzy fan Heidi en Edwin de Groot. It gedicht fan De Groot komt út syn krekt ferskynde debútbondel It skip. En mei in nij ferhaal fan Ulke Brolsma. Hy is yn ’e holle krûpt fan in swimmer dy’t te fier de see yn rekke is.

Der binne fierders trije saken dêr’t yn dit foaropwurd spesjaal omtinken oan jûn wurde moat.

Fryske poëzy yn it Skotsk en Shetlânsk
Al earder hat op ’e teleks stien dat Elmar Kuiper en Tsead Bruinja fan 12 maart meidwaan sille oan in literatuerfestivel yn Skotlân en dat yn it kader dêrfan in boekje mei oersettingen fan Fryske poëzy yn it Skotsk en Shetlânsk útjûn wurdt. Op dizze Farsk in priuwke dêrfan: de oersettingen fan Elmar Kuiper syn gedicht ‘Bylden’. Mear ynformaasje stiet by de bydrage sels.

Kollums
Nêst de kollum fan Skermer stiet op dizze Farsk ek in gastkollum. Dêr is foartoan romte foar. Wy sille sa no en dan immen freegje om ien te skriuwen, mar gastkollums kinne ek as kopij ynstjoerd wurde, sa as de kollum fan Lanette van der Leij yn dizze ôflevering, skreaun nei oanlieding fan it lêzen fan Echt Moai fan Wieke de Haan en Elske Riemersma.

Besprek
It hat even duorre foar’t Farsk wer mei in besprek kaam. No is it safier. Edwin de Groot lit syn ljocht skine oer de debútbondel sûnder sweltsjes fan Grytsje Schaaf.