Anne Feddema

Hâldhobus

logo.ensafh

Gauris gean ik mei de Arriva Qlinerbus rjochting Alkmaar om dêrwei fierder mei de trein nei Amsterdam te reizgjen. Mar wêrom docht Feddema dat? Jo kinne ommers ek gewoan direkt mei de trein gean?
Foarste plak: ik reizgje no ien kear it leafst oer de ôfslútdyk. It útsicht, de loften, Thalassabussa, sis mar.
Twadde motyf: ik ha, lykas foar de trein, in OV-dalkoarting fan 40%, op ’e Arriva bussen yn Fryslân en Qliners.
Tredde reden: oer it generaal kinne je derfan op oan dat je ek werklik oankomme dêr’t je wêze wolle en dat ek nochris binnen de tiid dy’t je derfoar noadich hawwe. Teminsten … as jo yn’e goeie bus sitte en dêrmei bedoel ik yn dit gefal net dat je de bus nei Assen of sokssawat nommen hawwe. Nee, it hat te krijen mei hoe’t de bus fan binnen foarm krigen hat.
Wát?
Ja, lêzers … Bygelyks: wêr yn ’e goedichheid sit de bushâldthostopknop?!
Ik sjoch dat de bus hohâldt, hee apart … der stapt net ien yn en ek net út. Efkes letter by it monumint wer itselde, én, falt my op, tusken de halten hear ik ek sa no en dan it hege, skerpe, lûd – it audiostopteken – en sjoch it reade stopsein. Soe immen net goed witte wêr’t er derút moat? Ik gean der mar wer ris foar sitten en sykje mei myn earmtakke stipe yn it finster. Fuort hear ik wer dat stoplûd en lês de reade letterkes. Dan sjoch ik ris nei it plak dêr’t krekt genôch romte is om je earmtakke op in punt kwyt te kinnen … En wat sjocht jimme slûge dêr? In reade stopknop! Fuortwurke yn it minyminystikje finsterbank, of hoe’t je it ek neame meie …
Ik bin it dus. No begryp ik it ek fan eardere ritten, mar wie ik it dan altyd? In oar soe dochs itselde oerkomme kinne? Of?
Net alle bussen hawwe dit nammers sa en no wit ik it. Dan mar sitte oan it gongpaad … ja, ja… As de bus dan hohâldt klinkt de gong.
En in muzykje op: Bus Stop fan ’e Hollies. Wa? Ja. Skreaun troch Graham Gouldman, letter fan 10cc. Wa? 10cc, de ferneamde rapper, deasketten by in bushalte … o, dy.

1 reaksjes op “Hâldhobus

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *